Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: staan wonen Place of Narration: Drachten
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der ien dy frege him, hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke sloech it hynder foar de ploech wei en doe tilde er de ploech op mei beide hannen en hy wiisde mei de ploech en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23493
Der kaem ris ien by Sterke Hearke wylst dy oan 't ploeijen wie. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe krige Hearke de ploege beet yn ien hân. "Sjoch, hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37805
Der kom us ien yn Droegeham, dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Doe stie dêr in man op 'e bou, dy wie oan 't ploegjen. De fremde man frege: "Wite jo ek, hwer't Sterke Hearke wennet?" "Ja," sei dyselde - it wie Hearke sels - "sjoch, dêr wennet er." En doe krige er de ploege fan 'e groun en wiisde der mei nei syn hûs. "En hjir stiet er", sei er. Doe makke...
nl.verhalenbank.23632
Yn Droegeham hat in man wenne dy wie ôfgryslike sterk. Dat wie Sterke Hearke. Hy woarde faek as jilddrager brûkt. Dan moest er freeds jild foar de lju nei stêd ta bringe. Greate Pier wenne yn Kimswerd. Der kom ris ien by him doe wied er op 't lân oan 't ploeijen. Dy frege him hwer't greate Pier wenne. Pier tilde de ploech op mei ien hân. "Dêr wennet er",...
nl.verhalenbank.33224
Yn 'e Houtigehage wennen minsken, dy wienen tige fûl. Sy koenen it net litte op snein to arbeidzjen. Dan stie de man op it lân to hakjen. Dat foel by de buorlju bot op, dy seagen der altyd nei. Op in snein stied er wer op it lân to hakjen. Doe kom der in hiele grouwe, swarte houn oan. Dy gong deun tsjin 'e lodde oan stean. Doe koe de man net in spit mear...
nl.verhalenbank.17745
Sterke Hearke wenne ûnder Droegeham. 't Wie in dikke brede man. Hy wie in kear op 't lân oan 't ploeijen. Doe kom der ien by him. Dy frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe hied er de ploech foarútstutsen en sein: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.27500
Hearke wie ek ris in kear oan 't ploegjen. Doe kom der ien by him, dy sei, hy woe nei Sterke Hearke ta. As de ploeger him ek sizze koe hwer't dy wenne. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hâldde him op boarsthichte en hy sei: Hjir stiet er en dêr wennet er. Mei de ploech wiisde er syn hûs oan.
nl.verhalenbank.33770
35