Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Yn 'e Westerein, by 't spoar, hjir tichteby, by de oerwei, dêr spûken yn 'e nacht twa berntsjes om. Dy hienen reade bantsjes om 'e hals.
nl.verhalenbank.29526
To Kollumersweach, tichte by de skoalle, spoeke yn 't boskje in wyfke. Dêr wienen wy ek bang foar.
nl.verhalenbank.24889
Op 'e Miedwei spoeket altyd in wyfke mei in greate paraplu. Dêr wienen wy as bern bang foar.
nl.verhalenbank.24888
Op 't Heideloantsje yn Twizelerheide roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Soms roan der ek wol us in grouwe, swarte houn.
nl.verhalenbank.22684
Yn 'e Westerein spûke in frommes, dat sweefde yn wite klean by de wâllen lâns. Hja hie in bân om 'e rôkken hinne. Men seach har allinne by nacht.
As de kooplju yn 'e nacht út 'e Westerein wei mei de hynders nei de merk ta gongen, dan koenen se de hynders net fierder krije as dy wite juffer der wer spûke. Dy hynders wienen dan bang.
nl.verhalenbank.29932
Op Sânbulten oan 'e Achterwei op 'e Hege Kop wie in stik rogge. Dêr wie alle jounen in spoek yn.
nl.verhalenbank.24890
Oan 'e reed dêrre dêr't wy oan wennen spûke soms in blauwe houn. Myn swager hat him sjoen.
nl.verhalenbank.29505
Froeger wie dizze wei hjir net, dêr't wy nou oan wenje. Doe moest men it spoar del.
Op in kear soenen heit en dy to sûkerij-dollen. Doe wie er by de oerwei, dêr't nou de flikkerljochten binne.
Dêr hie hwat west, mar heit hie net sjen kind, hwat.
Mar 't wie troch de grindstiennen hinne gien en de grindstiennen hienen der nei stoud.
nl.verhalenbank.29528
Myn skoanheit wenne yn Moarmwâld. Op in joun roan er alris oer de Hale-paden. Doe wie dêr ynienen in wyt ding foar him west. 't Wie krekt as wie 't hol. Hy hie net fierder kind. Hy moest stean bliuwe.
Ynienen wie 't foar him wei gong en doe wienen de beammen bigoun to rûzjen.
Skoanheit hie rjochsomkeard makke en wie werom gong.
Lâns in oar paed wie er...
nl.verhalenbank.29527
Dêr 't Anne Dykstra wennet by Aldwâld hat men de Spûkepleats. It sechje giet, dat it dêr altyd spûke.
nl.verhalenbank.26314
By de Skilige Piip spûke it. Dêr seagen guon wolris hwat.
nl.verhalenbank.29536
To Hurdegaryp wie in hiem mei in hekke. Dat wie by dokter Bontekoe. Dy hekke gong yn 'e nacht altyd fansels samar iepen.
nl.verhalenbank.24900
Tichte by Warffum stie in greate boereplaets, in bouplaets mei greate skuorren. Yn dy skuorren slepten de minsken dy't simmerdeis by him arbeiden. Dat wienen ek minsken út 'e Westerein en út oare plakken lyk as Harkema ensa. In hiel protte hienen har nammen dêr yn 'e sketten kerfd mei in mes. Miskien binne dy dêr nòch wol. De boer fan dy plaets hiet fan...
nl.verhalenbank.32213
In omke fan my hat faek forteld, hy hie us op in nacht yn Aldwâld roan. Doe wie der ien njonken him kaem en dy roan mei him op. Dat duorre lang. Dyselde hie neat sein. Op 't lêst wienen se by in hage kom. Doe wie er samar weiwoarn. 't Hie in spoek west. Op it plak dêr't it spoek wei waerd hong in blau-wollen skelk oer de hage. Omke woe biweare dat dy foar...
nl.verhalenbank.26317
Wij hewwe 't had in Dokkum in de duvelshoeke. Daar spookte 't in de bakkerij. De bakker had twa dochters. Die kregen ferkering. De feinten wouen bij hen opsitte en froegen of se niet een kamerke hadden, waar se sitten konnen. "Jawel," seien die dochters tegen de feinten, "maar in dat kamerke daar spookt it."
Doe seien de feinten: "Dat willen wij us...
nl.verhalenbank.24288
Der spûke in swarte houn tusken Feankleaster en Twizel op it Wyldpaed. It wie in great beest, mei egen yn 'e kop as koallen fjûr. 't Waerd der ljocht fan yn 't tsjuster, as hy der oan kaem. Men koe him altyd oankommen hearre, hwant syn poaten klapten krekt as dy fan in hynder. Noait liker as sieten der hoefizers ûnder, sa hearde it.
Der binne wol guon...
nl.verhalenbank.29927
Wy ha wenne oan 'e âld achterwei yn 'e Falom, in hiel ein achterút. It spokke dêr yn dat hûs. De minsken dy't dêr fóár ús wenne hienen wienen der dêr om weigong. Ik hierde 't hûs foar in bytsje sinten, ek al omdat net ien dêr wenje woe.
Ik hie dêr hwat fé op 'e stâl. Froeger hienen de kij seelkettings om. Myn kij hienen dat doe ek. Mar dêr rattelen se yn...
nl.verhalenbank.25189