151 results
Dutch Keywords: spookhuilen
As hounen spûkgûle, as eksters skatterje, as de tsjerkeklokken deadsk liede - dan hinget der in deaden oan - sil der ien stjerre. In pear jonges, sa fortelde heit, woenen de kloklieder ris in kear bang meitsje. Doe't er to kloklieden soe gongen dy beide jonges boppe op elkoar tsjin 'e muorre oan stean. 't Wie al hwat tsjuster. Doe't de klokmakker dy beide...
nl.verhalenbank.31545
In man wie op it Bûtlan to Eastemar oan 't murdejeijen. Doe seach er hwat. It wie noait liker as wienen it bulten hea. Tichterby like it in wyt hynder. It forweegde. Hy hie in goeije houn by him, dy't bigong to spûkgûlen. It forskynsel kom oer de dyk hinne. De man makke doe hastich, dat er dêr wei kom.
nl.verhalenbank.20085
Hounen mei stippen boppe de egen binne spûkgûlers. As se oan 't spûkgûlen binne komt der in deaden.
nl.verhalenbank.26300
Us heit en dy hienen in houn. As der in lykstaesje oankaem, siet dy houn even fan tofoaren to gûlen. Dan siet er op 'e hoeke. Dat die er grif alle kearen.
nl.verhalenbank.24374
Ik heb het met maakt, dat er een hond bij 't water stond te janken. Later is zijn baas daar verdronken.
nl.verhalenbank.24208
Ik hie in houn mei fjouwer egen. Dat binne spoekgûlers. Sy ha twa ljochte flekken boven de egen. Us buorjonkje krige in sinnestek. Dy jouns om sa'n tsien ûre hinne bigoun ús houn hiel jammerlik to gûlen. Us oare buorman sei: "Hjir gebeurt fannacht hwat." Dy nachts is it buorjonkje stoarn.
nl.verhalenbank.24269
Hondengehuil en ekster-geschreeuw was altijd een voorbode van sterfgevallen. Mijn moeder twijfelde daaraan niet.
nl.verhalenbank.45537
Men seit fan hounen dy't brune plakjes boven de egen ha, dat it spûkgûlers binne. Sokken ha eins twa pear egen. Mei it iene pear sjogge se dingen dy't de minsken gewoanlik net sjogge.
nl.verhalenbank.19459
Piter Alma wie op in nacht mei Albert to murdejeijen. Ynienen bigong de houn to spoekgûlen. Hja gongen der op ôf. Hja tochten net oars as dikke wite Castor fan Nikolaes Postma hie har hountsje to pakken. Mar dat wie 't gefal net. Hja seagen in berntsje yn in wite doek, dat sweefde. It berntsje seach har oan. It gong oerside foar harren lâns, skean de...
nl.verhalenbank.21296
Tegen ons over heeft een man gewoond, die zwaar ziek was. De avond en nacht voordat hij stierf heeft de hond aan één stuk door vreeslijk gehuild. En anders hoorde je het beest nooit. De volgende dag was Jan dood.
nl.verhalenbank.21707
As in houn spûkgûlde wie der binnen sa'n tiid in deaden.
nl.verhalenbank.38675
As der in houn spûkgûlde yn Feanwâldsterwâl leaude men fêst dat der mei gauwens ien yn 'e buert stjerre soe.
nl.verhalenbank.37220
As in minske in sykte ûnder 'e lea hat, dêr't er mei gauwens oan stjerre sil, dan gûle de hounen.
nl.verhalenbank.16827
As eksters skatterje by 't hûs komme der praters. As hounen spûkgûle komt der in lyk.
nl.verhalenbank.16165
As in houn spûkgûlt, dan sjocht er hwat. Dat bitsjut meastal in sterfgefal.
nl.verhalenbank.36925
Ek spûkgûlden de hounen fantofoaren.
nl.verhalenbank.21018
As in houn spûkgûlt komt der in sterfgefal.
nl.verhalenbank.36955
As de houn spûkgûlt stjert der ien. Wy ha der wol om út bêd west, sa binaud wienen wy, as wy dat nachts hearden.
nl.verhalenbank.25336
As in houn bigjint to spûkgûlen, is dat in min teken.
nl.verhalenbank.33581
As in houn spûkgûlt, sjocht er in lykstaesje. Dan seit men: "Der is wer ien op stjerren."
nl.verhalenbank.17368
151