Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op 'e Gariper wei fan 'e Tramwei nei de hoeke ta roan froeger in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
Ek seach men wylde lantearnens yn dy buert.
nl.verhalenbank.21781
Yn 'e Sumarreheide op 'e Fiifhoek, dêr spoeke it. Dêr doarsten de minsken yn 'e nacht net komme. Op 'e Pasterijelânnen spoeke it ek. Op 'e Brandsma-loane to Garyp roun in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.32116
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr woarden de bern wol bang mei makke. Der wienen minsken yn Aldegea, dy wienen bang dat se de fôlle tsjinkomme soenen.
nl.verhalenbank.21790
Hjir yn 'e Westerein fan Garyp roan altyd in reabonte houn. Dy roan altyd hinne en wer. Dêr wienen guon bang foar, hwant hy spoeke dêr. Hy roan altyd oan 'e kant fan 'e wei lâns.
De minsken hienen it der faek oer.
nl.verhalenbank.31518
Op it Lútsensloantsje to Garyp roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.31519
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.22984
Yn Feanhuzen by Garyp roan in fôlle mei in brijkanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.22791
Yn Aldegea, seinen se, roan altyd in fôlle mei in brijkanne om 'e hals.
nl.verhalenbank.22768
Yn 'e Easterein fan Garyp spûke altyd in herdershoun.
Ik ken wol minsken dy't him dêr sjoen ha.
nl.verhalenbank.20324
Op 'e Sumarreheide yn 'e Griene loane (by de Pôllediken) rint in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
De Broek troch nei Sumarreheide (ûnder Garyp) rint ek in fôlle om mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.20306
Us heit dy sei: "Ik leau net oan spoeken, mar ienkear ha 'k it hawn, doe kom der my in grouwe swarte houn tomjitte. Doe soe ik him goed slaen mei de stok, mar ik sloech der dwars trochhinne (myn heit wie Jelle Harmens Dykstra).
nl.verhalenbank.22792
As Beint Dekker boadskippen dwaen moest gong ik wol faek mei him mei. Ik wie doe noch in fanke. Wy roannen oer de Sumarreheide. Dêr gong Beint by Abrahams Tryn oan, dy hie in winkeltsje. It wie by Beint en dy greate earmoede en hy frege Tryn of dy him noch wol in kear boargje woe. Dan soed er de saterdeis wol sjen as er hwat bitelje koe. Hy soe dan aenst...
nl.verhalenbank.20245