Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
30 results
Dutch Keywords: spook Place of Narration: Opende
Piter Claus wenne op 'e Boelensloane. Op in kear soe er mei syn âldste jonkje Halbe nei de Feanster boat ta. Dêr moesten se hwat weihelje. Piter hie de kroade meinom. Doe't se omtrint oan 't Blauhûs ta wienen, koenen se ôfbûge en in binnenweike del. Dat snie in eintsje ôf. Dêr spoeke it altyd. Doe sei Piter tsjin 't jonkje: "As der aenst hwat oankomt,...
nl.verhalenbank.25922
Dêr't nou de grifformearde tsjerke yn 'e Rotfalle stiet, wie froeger sânreed. Dêr hat in hekke stien. Sy hienen Piter Claus forteld dat dêr wolris in man by dy hekke stie. Dy man wie al lang overleden. Piter sei: "Dan woe ik dy man wolris sjen en mei him prate." Doe kom er op in joun út 'e kerkeraadsforgadering. En doe wìe dat mantsje dêr. En dy wie in...
nl.verhalenbank.25923
Us mem hat froeger njonken in âld minske wenne; dat minske hie in bulte kwea dien. Doe is dat minske letter stoarn, mar sy koe de rêst net krije. Doe spoeke se altyd. Doe hat ús mem de doomny der by helle. Dy hat dêr doe in gebet dien en neitiid ha se noait wer lêst hawn. Dat wie hjir flak njonken dit hûs.
nl.verhalenbank.25940
Der binne altyd baren op 't tsjerkhôf, fral moarns bitiid kin men dat sjen. Dan leeft it, it giet hinne en wer. De sluijers fan 'e minsken binne dan oer it hôf. In hynder fret gjin gers fan in tsjerkhôf. In koe ek net, allinne as it gers ynkûle is.
nl.verhalenbank.23464
Myn dochter het in Oudkerk woond in Friesland in in huuske oan de Rolledijk. 't Was in spookhuuske. 't Hoorde bij in boereploats. Joop, hoar man, was doar boerearbeider. Wat se in dat huuske beleefd hè is met gien pen te beskrievn. De Rolledyk loopt fan 't dorpke Oudkerk de landen in. 't Is in klinkerweggetje. De deuren gingen doar somaer fansels open op...
nl.verhalenbank.25890
Der wie in âld minske, dat kom to overlijden. It woarde de bern oansein. Mar de iene soan, dy't troud wie, hie in bytsje forkearing mei in oare frou. Hy hie krekt dy deis dat er de deatynge fan syn âlde mem krige mei dat frommes steld om by har to kommen. Tsjin 'e famylje sei er: "Ik kin hjoed net komme, ik kom moarn wol." It wie sa'n fjirtich k.m. nei...
nl.verhalenbank.25706
In dochter fan ús hie nei Wilhelmina-hoeve ta west to werken. 't Wie sahwat om in ûre of alve, healwei alven hinne, doe gong se der wer wei. 't Wie moai ljochtmoanne waer en hast sa ljocht as dei. Sy fytste de reed del fan Wilhelmina-hoeve. Sy moest even pisje en doe't se dat dien hie gong se wer op 'e fyts. Doe kom der in great wyt ding op har ôf. Doe't...
nl.verhalenbank.26022
Yn 'e Fryske Wylp wenne in doomny, dy wie op in joun op hûsbisyk mei in âlderling. Doe't se krekt in bisite ôflein hienen en it al aerdich let woarde, sei de âlderling tsjin 'e doomny: "Wy matte fuort, wy matte net by joun sa let oer 't Langpaed." (Op 't Langpaed spoeke it.) Mar doomny sei: "Wij moeten nog één huis hebben." De âlderling sei: "Maar laten...
nl.verhalenbank.26332
Ik was een jonge. Doe was doar ook een húshouding op dezelfde plaats woar later de spitkeet stond. Doar deugde 't niet. Doe was ons foaijer een avond fot. Doe hat it dan twoalf uur west de nachts, doe het moeke docht: zou hij der ook an komen? "'k Zat al bûten met Antje, - de oudste fan de dochters - ", see se. Ik was zowat drie, vier joar. Doe't moeke en...
nl.verhalenbank.23964
Us mem is yn 'e Harkema great brocht. Hja fortelde der wenne yn 'e Harkema in âld frou, dy siet altyd to spinnen. Froeger wie it de gewoante, as de lju in himd hienen dat net al to bêst mear wie dan brûkten se dat as deadshimd. It wie doe in earmoedige tiid. Doe't dat âld minske kom to forstjerren, dat altyd siet to spinnen, dienen se har in himd oan,...
nl.verhalenbank.24178
30