Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
447 results
Dutch Keywords: spokerij spookplaats
Guon fan Feansterheide hienen in sike koe. Doe gong it minske mei har buorfrou nei âlde Hinse, dy't op 't Swartfean wenne. Hinse Jehannes de Boer wie duvelbander en hy doktere ek mei fé. Hja gong nei Hinse ta om rie. Hinse frege: Binne jim dêr en dêr lâns kom? "Ja", seinen de froulju. "Ha jim nergens lêst fan hawn?" "Né." "Dan krije jim dêr aenst àl lêst...
nl.verhalenbank.19731
Myn heit wie trije jier, doe forlear hy syn âlden al. Hy woarde greatbrocht by âlde Abraham van der Leest, syn omke. Froeger gongen se to meanen mei de Earnewarren. Dan moesten se de Prikwei del. Dêr moesten se dan neigersmeane. Heit en Abraham wienen togearre. "Jonge," sei Abraham tsjin heit, "wy koenen wol hwat blêdreid ôfmeane yn dy sleatskant. Dan...
nl.verhalenbank.24514
Ik wie boerefeint yn Surhuzum. Op in kear kom ik de moarns fjouwer ûre ta de plaets út, doe seach ik dat der ien yn 't hôf wie. Ik tocht: dy sit ta de apels. "Goeije morgen", sei 'k, mar hy sei neat werom. Ik sei nochris fan "Goeije morgen", mar hy sei wèr neat. Ik tocht: Hâld dy dan mar stil. Ik gong nei de wei ta. Mar doe't ik op 'e wei wie en fierder...
nl.verhalenbank.25254
Jehannes Meerstra wie ek in duvelbander. Op it Skilige Pypke wie in spoek. Dat wie in âlde hear, dy siet omkeard op in ezel. Dêr lei in skat - in kiste mei jild - yn 'e groun bidobbe. Dy skat hie dy hear tabiheard. Doe binne dêr trije duvelbanners hinne west om dat spoek to fordriuwen. De iene duvelbander kaem fan Earnewâld, de twade wie greate Wopke fan...
nl.verhalenbank.31015
In arbeider hjirwei gong to ûngetiidzjen nei in boer, dy wenne ergens yn 't wetterlân yn Fryslân. De boer sei op in kear: "It spoeket hjir op 't tsjerkhôf altyd nachts om tolve ûre, fral mei brodzich waer. Dan doart der net ien op 't tsjerkhôf to kommen." "Ikke wol," sei de ûngetider, "it mat raer komme as se my bang meitsje sille. Om spoeken jow ik...
nl.verhalenbank.22178
Wy ha wenne oan 'e âld achterwei yn 'e Falom, in hiel ein achterút. It spokke dêr yn dat hûs. De minsken dy't dêr fóár ús wenne hienen wienen der dêr om weigong. Ik hierde 't hûs foar in bytsje sinten, ek al omdat net ien dêr wenje woe. Ik hie dêr hwat fé op 'e stâl. Froeger hienen de kij seelkettings om. Myn kij hienen dat doe ek. Mar dêr rattelen se yn...
nl.verhalenbank.25189
Yn Hiltsjemoaiwâlden op 'e hoeke fan 'e Reapdraeijersreed stiet in âld húske. It is net mear biwenne en it sil yn 't koart wol ôfbrutsen wurde. De lju dy't der 't lêst yn wenne ha, ha in nije bungalow op 't hiem sette litten, dêr't se nou yn tahâlde. Mar froeger hat myn skoanheit yn dat âlde húske wenne. It hat yn dat húske noait doogd. It wie in...
nl.verhalenbank.21995
441