Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 results
Dutch Keywords: spokerij spookplaats kinderen
Yn Jistrum wienen froeger huzen, dêr spoeke it yn. Ek yn 'e Westerein wie sa'n hûs. De bern mochten dêr net komme, dat wie net fortroud. Ek yn 'e Koaten stie sa'n hûs, dêr wennen in broer en in suster yn.
nl.verhalenbank.31197
By glêdde Klaes yn 'e Bosk (yn 'e Harkema) hat in húske stien. Dêr spoeken altyd twa neakene berntsjes om.
nl.verhalenbank.22095
Yn Twizel, yn 't Waeigat - dat is tusken de suvelfabryk en de herberch 'De witte kannen' roan froeger in fôlle om mei in brijpot om 'e hals. As wy as bern jouns let noch bûten wienen, seinen se tsjin ús: "Tink der om, hear, oars pakt de fôlle mei de brijpot jim."
nl.verhalenbank.32671
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot. Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen. Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
By de dikke beam yn 'e Harkema doarsten de bern froeger net lâns, hwant dêr gong it altyd op in spoekjen.
nl.verhalenbank.20379
Op 'e Sumarreheide wie in boereplaets, dêr dounsen nachts neakene berntsjes om in skuorrestile hinne. Men woe wol ha dat dy berntsjes dêr formoarde woarn wienen en de rêst net fine koenen.
nl.verhalenbank.30351
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen. Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Yn Aldegea roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals. Dêr woarden de bern wol bang mei makke. Der wienen minsken yn Aldegea, dy wienen bang dat se de fôlle tsjinkomme soenen.
nl.verhalenbank.21790
Yn dyselde skuorre gebeurde it earder us dat der in hiele protte minsken yn slepten. Dat kom trochdat der minsken by wienen, dy hienen har bern meinom. Der woarde doe ek al warskôge: "Tink der om, net by de wite doar sliepe!" Mar der wie ek in âld minske by de sliepers, dy wie mei de helm geboaren. Dy sei: "'t Hindert neat, ik let wol op." Dat doe kommen...
nl.verhalenbank.19706
Op 'e Finnen to Feanwâlden lei faek in skipper oan 'e wâl. Mar as er even fan 't skip ôf wie of hy wie mei syn frou to winkeljen, dan lei it skip altyd los, as er thúskom. It gebeurde nachts ek wol, as se op bêd leinen. Dan wie 't skip de oare deis los. Op in kear doe wie de skipper nei in feest ta. Doe't er werom kaem wie 't hiele skip fuort. Doe seach...
nl.verhalenbank.30953
Biesterveld hat ûnder mear in skuonmakker Rein Geales (van der Meulen?) formoarde by de Slingerswei op Teade-hoekje ûnder Boarnburgum. Dêr hat er fjirtsjin jier foar sitten. Sûnt dy tiid spoeke it op Teade-hoekje. Der wie in liet fan, mei de folgjende rigels der yn: Er kwamen weer een twintigtal getuigen, die eveneens hun stem verheften tegen hem. Maar...
nl.verhalenbank.25051
11