Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: spokerij karnmolen nacht
M'n eigen moeder vertelde me dat het spookte in het achterhuis. Daar stond een karnmolen, die getrokken werd door een paard. Wanneer ze 's nachts wakker werd gebeurde het vaak dat de karn liep zonder dat er een paard stond of iemand bij was.
nl.verhalenbank.43462
Yn Grinslân hienen se spûkskuorren. Dêr gongen de doarren nachts samar fansels iepen. Dat wie by Usquert. De tsjernmoune gong yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38518
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38324
Yn Feankleaster wie in pleats, dêr gong de tsjernmoune nachts altyd sûnder dat der yn werkelikheit tsjerne woarde. Mar se hearden dúdlik de tsjerne gean.
nl.verhalenbank.38104
It gebeurde hjir wol gau us dat de tsjernmounen samar út harsels nachts troch werkten.
nl.verhalenbank.21420
Yn Hantumer Utbuorren wenne in skatrike boer. Dat wie Jan Douma. Op in moarntiid kom er fan 't bêd doe stienen de doarren allegear iepen en alle kij stiene achterstefoar op 'e stâl. De tsjernmoune hie de hiele nacht draeid. It hie de hiele nacht in stik lawaei west.
nl.verhalenbank.23130
Us mem hat by in boer tsjinne. Doe wie se noch jong. Nachts om ien ûre hearde ús mem altyd ien de mjilling lâns sliere. De oaren hearden it soms ek. Mar noait ien dy't hwat seach. Se bigongen der allegearre om to tinken en se hearden sekuer it sloffen troch de koestâl, it gong nei de tsjernmoune ta. Mar as se der ôf gongen om to sjen hwat it wie, seagen...
nl.verhalenbank.29363
8