Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
109 results
Dutch Keywords: spokerij Place of Narration: Harkema
Op in kear gong heit it loantsje lâns fan 'e Lytse Wei. Dêr wennet nou de widdou Casimir mei har soan. Yn dy tiid wennen dêr Wobbe en Yk. Heit brocht hjidde nei Wobbe ta. (hjidde woarde makke fan flaechs, sy brûkten it by it reiddekken.) Wobbe forhandele dy hjidde to Grypskerk. Heit wie op 't loantsje, doe fleach der him hwat stiif by de lea lâns. Hwat it...
nl.verhalenbank.32960
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema stoar in frou. Doe krige se in deadskleed mei yn 'e kiste, dat wie ryklik lang. Nei in skoftsje kom dat minske jouns by de glêzen bûtendoar fan it hûs dêr't se yn wenne hie. En dan sei se: "To lang... to lang..." Dat gebeurde de iene joune nei de oare. Doe op in kear seinen se tsjin 't minske: "Skuor der dan in stik ôf." Doe...
nl.verhalenbank.32989
It wie om healwei fjouweren yn 'e moarn. Myn man lei yn 't iene sliepkeammerke, ik yn 't oare. De doar fan elk sliepkeammerke stie iepen. Wy slepten allebeide. Doe seach ik ynienen yn 'e wenkeamer in mynhear. Hy wie hielendal yn 't swart. Hy hie 't wyt foar. It like hiel deftich. Hy bleau yn 'e keamer stean en makke in soarte fan bûging foar my. Ik seach...
nl.verhalenbank.22029
Doe't Hindrik Holthuis noch jong wie joech er om God noch syn gebot. Hy hie de gek mei alle godstsjinst. As feint soed er us nei de froulju ta. Hy roan de Bopperein fan 't Wytfean del. Se hienen tsjin him sein dat it dêr spoeke. Mar Hindrik hie sein: "Ik bin foar gjin sawn duvels bang!" Der stienen roggehokken op it lân, dêr't er lâns moast. Hindrik seach...
nl.verhalenbank.21233
By Warfstermoune stie in boereplaets, dêr wenne in boer op, dy wie âldfeint. Hy wie tige ryk en leefde dêr mei in húshâldster. Guon hjir út 'e Wâlden kommen dêr alle jierren by him yn 't wurk. Sy slepten dan nachts dêr yn 'e skuorre yn 't strie. Mar sy hearden dêr nachts altyd hwat. Op in kear doe seinen se tsjin 'e boer. Sy koenen nachts noait rêstich...
nl.verhalenbank.25721
It nije tsjerkhôf op 'e Harkema wie krekt klear, mar der lei noch gjin op. It baerhûs stie der al. Heit en dy wennen yn it hûs dêr't ik nou wenje, dat wy hienen doe it tsjerkhôf ek al flak achter ús. Op in joun, doe't it tsjuster wie, kom heit achter hûs. Doe seach er de kant nei 't tsjerkhôf út en doe ûntdekte hy hwat boven op it baerhûs. It wie in wite...
nl.verhalenbank.25735
Mike Ruerd (= R. v.d Veen) wenne yn 'e Harkema. Hy wie timmerman. Op in kear wied er oan 't timmerjen by de earste plaets op it Bomkleaster. Dêr wenne doe Wyberen Hulshof. 't Wie winterdei en 't wie al bitiid tsjuster. Der wie noch in man, dy holp Ruerd by it timmerjen. Ruerd wie net in gewoanen ien. It wie in greate spotter. Hy biwearde by heech en by...
nl.verhalenbank.33642
It spoekjend frommis fan 'e Lange Loane Hjir op 't Fean (Surhústerfean), hat ris in dokter west dat wie in frijgesel. Hy wenne mei syn suster. Dat wie in hiele frjemde keardel, de namme kin 'k op 't heden net betinke. Hy hie net in wein; hy gong geandefoet nei de pasjinten en dan hie er in dikke swarte hûn mei. As er fierder nei de klanten moast, dan...
nl.verhalenbank.12176
Us pake ûngetide ris in kear achter Ljouwert. Hy slepte yn 'e skuorre. Doe sei de boer tsjin him: "Nou meije jo joun net yn dy golle lizzen gean, hwant alles hwat yn dy golle lizzen giet, dat stjert. Ik ha der al hiel faek in kealtsje yn hawn en dat is elke kear dea gong." Pake sei: "Soks meitsje jo my net wiis, dêr leau 'k neat fan." Doe sei de boer: "As...
nl.verhalenbank.32740
109