Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 results
Dutch Keywords: spokerij varken Place of Narration: Harkema
Yn 'e Smoarhoeke yn 'e Harkema spoeket in baerch mei in brijpot om 'e hals. Ek is dêr in keardel dy't alhiel trochljochte is; in gleone keardel. Dy rint dêr om. Se seinen dat dat de duvel wie. Fan Readskuorre oan 'e Smoarhoeke ta roan in fôlle mei in brijpot om 'e hals.
nl.verhalenbank.17545
Op 't Fean roan yn 'e nacht in barchje om. Sjirk Bijma hie it sjoen. Alle lju skouderen dat plak, hwant dat barchje wie in spoekdier.
nl.verhalenbank.17532
Hjir yn 'e omkriten spoeke nachts ek in baerch om. Dy baerch waerd ek altyd fansels wer wei. De minsken wienen der tige bang foar.
nl.verhalenbank.19351
Yn Surhústerfean, tichte by it Blauhûs, roan in barchje om, dat dêr spoeke. Dêr doarst net ien lâns.
nl.verhalenbank.20126
Sy ha my wolris forteld, op it Langpaed spoeke in mot mei biggen.
nl.verhalenbank.25771
Janne Met wenne op Readskuorre. Hja hat in dochter hawn, dy hiet fan Frouk. Dat bern woarde ôfgryslike min bihandele. Sy iet by de bargen krekt as de Verloren Zoon. Hja is dan ek stoarn. Mar doe't se goed en wol dea wie, stie se op in joun samar by de tafel. Dat is faker as ienkear gebeurd.
nl.verhalenbank.20952
6