Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 results
Dutch Keywords: spokerij plaats spoken
No. 113. Francis Daris, bijgenaamd de Trom, omdat hij eenigen tijd tamboer was bij de schut, woonde onder 't Eikereind te Bergeik. Eens zag hij, in een eikenbosch op de Kept, plotseling een zoo schrikkelijk spook vóór zich staan, dat hij als verlamd van schrik was. Nooit heeft hij iemand willen zeggen, wat hij eigenlijk heeft gezien, maar zijn heele leven...
nl.verhalenbank.46804
Op 'e Hamster Ikkers spoeke it altyd. Op itselde plak sahwat, dêr't ik as jonge dy kroade mei dat mantsje der yn sjoen ha, dêr fleach ek altyd in hynder troch 't sied hinne. Mar it fremde wie, der lei noait ien ier plat. It wie in spoekhynder.
nl.verhalenbank.21641
Myn broer en noch ien rounen us op in snein-to-joun fan Surhuzum nei Stiensgea. Sy moesten oer 't stiennen Pypke, dêr't yn myn bernejierren de duvel al ûnder húsmanne, nei't se seinen. Doe't se noch net oan 't pypke ta wienen seagen se twa gedaenten. Earst roannen se foar har op en doe woarden se yn 'e wâl wei. Doe't se der hinne gongen to sjen, wie der...
nl.verhalenbank.18156
By de Skeanpaden ûnder 'e Rottefalle is froeger in berntsje formoarde. Sûnt spoeket it dêr altyd.
nl.verhalenbank.25875
Yn Sigerswâld (ûnder Garyp) spoeken wite juffers. (Dêr hat foarhinne in kleaster fan wite nonnen west)
nl.verhalenbank.23032
As der op 'e Tike ien forsûpte, dan spoeke it letter op dat plak.
nl.verhalenbank.21196
Yn Aldegea spoeke de man fan 't slot. Yn 't West spoeke it ek hiel bot. Dêr wienen bern forstoarn, dy't har gerak net krigen hienen mei 't biklaeijen. Der wie ek in tsjoenster. Dy fleach mei in gleone latte om 't hûs hinne en tsjoende krânsen yn 'e kessens.
nl.verhalenbank.32467
Myn omke, Auke Sipma, dat wie in hiele raren-ien. Op in kear kaem er thús fan Rotterdam. Ik wie doe sa'n fjirtsjin jier âld. "Sille wy fannacht by de spûken lâns?" sei er tsjin my. "Goed", sei 'k. Doe gongen wy nei de krûme Hinne ûnder Driezum. Dêr spûke in fôlle mei in brijpot mei brij om 'e hals. In sleef wie der yn. Mar wy ha dêr neat sjoen. To...
nl.verhalenbank.25828
Lytse Wibe (Wibe Paulusma fan Sumar) wie fisker op 'e Burgumer Mar. Op in joun, doe wied er sahwat by Winterswyk (by de B.mar) kaem syn mem samar ynienen by him yn 'e skou. Doe wie hja al lang dea. Wibe doarst letter net wer nei de mar ta to fiskjen.
nl.verhalenbank.21368
Wurdt der ergens ien formoarde, dan spûket dyselde letter op dat plak. Yn Oranjewâld is yndertiid in faem formoarde woarn. Letter sweve se jouns altyd oer de dyk, mei los hier en alhiel yn 't wyt.
nl.verhalenbank.21020
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38324
Jan Biesterfeld wie in greate bouboer yn Uthuzen. Dêr haw ik wol arbeide. Wy wienen yn 'e keppel. Wy sliepten by him yn 'e skuorre en yn dy skuorre dêr spûke it. As men op in seker plak by de doar lizzen gong, dan woarde men dêr weismiten. Ik ha 't sels bileefd.
nl.verhalenbank.21473
12