Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
4 datasets found
Dutch Keywords: spokerij plaagbeest Place of Narration: Drachten
By de Boelensloane hat men it Dwarsdjip. Dêr lei in dam yn, dêr moesten de minsken oer. Kom dêr ien by nacht, dan stie der op dy dam in wyt ding, sa great as in skiep. Dat woe de minsken keare. In man fortelde, hy hie prebearre der lâns to kommen, mar it wie wol mis gien. It wite ding hie him yn it Dwarsdjip smiten.
nl.verhalenbank.23479
Njonken bakker Welling oan 'e Hearrewei stiet in boereplaets, flak by de skieding fan 'e beide gemeenten. Mem sei, dêr hâldden froeger altyd pleachbeesten op dat plak ta.
nl.verhalenbank.33334
Yn 't Westen fan Aldegea wienen inkelde lantearnen by de wei lâns. Dy joegen mar in bytsje ljocht. Op in joun let moest ik de kant út nei Earnewâld ta. Doe't ik by de earste lantearne wie, kom der my in houn op side. It wie in houn sa great as in keal en alhielendal swart. Ik woarde binaud. Hy roan stiif njonken my lâns. Doe't ik nei syn kop seach woarde...
nl.verhalenbank.33631
Myn beide skoanâlden hienen der op út west mei de karre mei rusken matten. Doe't se by 't Blauhûs wienen, flak by Boelensloane, woarden se samar yn 'e feart dreaun. De karre bleau stean. Sy koenen de hounen net foarút krije, sa bang wienen dy. 't Wie in soart houn west, dy't se sjoen hienen. Guon woenen wol ha, dat it in pleachbeest wie.
nl.verhalenbank.22916
35