Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
3 datasets found
Dutch Keywords: spokerij lijkstoet Place of Narration: Drachten
Oan 'e Noarder Dwarsfeart wenne in sekere Joeke. Joeke Spoek neamden se him. Dy wie mei de helm geboaren. Heit hat wol mei him baggele yn Beets. Midden yn 'e nacht gong hy der ôf om nei in lykstaesje to sjen. Heit hat wol mei him oproan. Dan sei er ynienen: "Even oan kant." Dan wie der in lykstaesje, dy't passeare moest. Mar heit seach neat.
nl.verhalenbank.19860
To Hurdegaryp is in homeije, dy kinne se net ticht hâlde. Se ha dy hekke wol mei dikke kettings fêst makke, it joech neat. De oare moarns wie er wer iepen. Hy stiet noch altyd iepen. Dit komt, dêr mat in lykstaesje lâns. Der stie froeger in kastiel by: Bennemastate. In lykstaesje mei net stopje. Dêr mat alles foar út 'e wei. Dêrtroch giet dy homeije iepen.
nl.verhalenbank.35915
Heit en dy wienen skipper. Op in nacht leinen wy mei 't skip op in plak by in stik lân, dêr't wy oars noait leinen. Heit hie de beide spitten yn 'e groun set en wy joegen ús del. Yn 'e nacht woarden de spitten mei in great stik lawaei op it dek smiten. Heit der út om to sjen, mar der wie neat. Hy treau de spitten wer yn 'e groun en it skip lei wer fêst....
nl.verhalenbank.24547
35