Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: spokerij koe
Tichte by de Drachtster Pipe is Teadehoekje, by de Slingerwei. Dêr spûket it. Dêr op 'e hoeke ha se froeger in fékoopman formoarde. Dat wie Teade. Hy hie nei de merk ta west dêr't er in koe forkocht hie. 't Jild hied er yn 'e bûse hawn. Dat hienen se him ûntstellen. Letter seagen guon dêr yn 'e nacht in man oer de wei hinne krûpen mei in koe oan 't tou....
nl.verhalenbank.36260
79. Mien vader vetellen ons ook vroegere jaore (want mien vader was al een olde man, hi'j het völ metgemaak), dat hier ien Diem een boerderi'j had gestaon, waor vroeger minsen op hemme gewoond die vader bi'j de naam niet meer kon nume. Een dean had zich daor verhuurd as meid. Die meid mot daor ok melke. Toe zit ze ien de stal te melke, smarges al vroeg,...
nl.verhalenbank.22438
Us heit fortelde: Pake kaem ris in kear by de faem wei. Hy soe nei hûs ta. 't Wie nacht. Wy wennen hjir yn 'e bakkerije. Doe kom der him in houn achterop, dy roan hyltyd in eintsje foar pake op. As pake stean bleau, dan bleau dy houn ek stean. 't Wie in houn as in keal, sa'n greaten-ien. Doe't er by hûs wie siet de houn by har foar de doar. Doe doarst...
nl.verhalenbank.38061
Yn Hantumer Utbuorren wenne in skatrike boer. Dat wie Jan Douma. Op in moarntiid kom er fan 't bêd doe stienen de doarren allegear iepen en alle kij stiene achterstefoar op 'e stâl. De tsjernmoune hie de hiele nacht draeid. It hie de hiele nacht in stik lawaei west.
nl.verhalenbank.23130
Alde Boele wie foar de twadde kear troud mei Fokeltsje-moai. Hja wennen yn Stiensgea. As Boeleom oan 't wurk wie paste Fokeltsje-moai op 'e hoklingen. Op in dei seach se, dat ien fan 'e hoklingen deunsk wie. Mar sy forgeat it dy jouns tsjin Boele-om to sizzen. De nachts kom 't har earst yn 't sin. Doe sei se 't tsjin Boele. Boele wie altyd opljeppen. Hy...
nl.verhalenbank.21647
Op 'e wei fan Eastemar nei Sumar (de Sumarrewei) spoeke altyd in man mei in koe. Nageat hiet dy man. Dy man is dêr formoarde woarn.
nl.verhalenbank.19791
Heit en myn broer wienen us boppe Apelsgea. Sy soenen mei in koe nei Smilde ta. 't Wie tige ier yn 'e moarn. Doe sei myn broer tsjin heit: "Sjoch dy smoarge houn ris mei dat geitsje." Oan 'e oare kant de feart wie in houn, dy't in geitsje tramtearre. Heit kom tichter by de feart om better to sjen. Hy woe nei de oare kant ta om dy houn in klap to jaen. Mar...
nl.verhalenbank.19584
Jan Scholte en Willem Meijer wienen swagers. Sy sutelen mei stokken. Op in kear wienen se yn Reahûs (= Roordahuizum). Se fregen in boer of se yn 'e heakipe sliepe mochten. De boer hie dêr gjin biswier tsjin en sei: "Der mar goed ûnder krûpen." Midden yn 'e nacht woarden se wekker. Doe wie der in keal by har, in spûkbeest, dat spûke der boven yn 'e kipe om.
nl.verhalenbank.21950
Atse Benedictus op 'e Kletten fortelt: Wy liezen sahwat mei ús tsienen of achten op Feansterheide de krante. De âlde kranten woarden fordield by 't kranterekkenjen. Dan komme se byelkoar yn 'e herberch. Ien kear stjûrde heit my dêr hinne, doe koed er sels net. Dy hiele joune ha se dêr oars gjin praet hawn as oer spoekjen en tsjoenen. Ik wyt der mar in...
nl.verhalenbank.21113
Ik wenne op 'e Geast. Wy hienen in buorman, dat wie Harm, dy brûkte in protte drank. Dêrtroch siet syn frou altyd yn 'e earmoed. Sy kom dan by ús om sinten to heljen, mar dat mocht ús ek net barre. Wy wienen mar earme arbeiderslju. Ik hie in hokling, dat hie 'k op it lân fan Bindert Wiersma oan 't spit. Mar Bindert Wiersma krige hiel slim kanker en hy...
nl.verhalenbank.23063
By 't Blauhûs, oan diz' kant it Surhústerfean leinen froeger houtsjes, dêr koe men oer om fan Boelensloane nei 't Fean ta. Dêr spûke froeger in koe. Dy joech lûd as wy krekt oan 'e beamkes ta wienen. "Hark dêr balt er wer", seinen se dan. Guon doarsten dêr net lâns.
nl.verhalenbank.28135
Aan het “laang febriek” langs de Kanaaldijk spookte het. Daar kwam ’n dier tevoorschijn gedeeltelijk paard, gedeeltelijk koe en gedeeltelijk ezel. Wie daar in het donker voorbij moest, nam een flesje wijwater mee om het ondier te besprenkelen als het zich vertoonde.
nl.verhalenbank.47482
Op it Blauhûs wenne froeger in boerefaem. Dy faem krige twa berntsjes, dy wienen fan 'e boer. It wienen twillinkjes. Dy berntsjes hat se weimakke yn 'e kolk. Letter kom der in oare boer op it spul to wenjen. As dy oan it melken wie, kommen der altyd twa twillinkjes op 'e mjilling achter de kij. Dat wienen twa neakene berntsjes. It wienen deselden dy't de...
nl.verhalenbank.19528
35