8 datasets found
Dutch Keywords: spiegel Place of Narration: Drachten
As jy altyd yn 'e spegel seagen, dan soe de duvel jo de nekke omdraeije.
nl.verhalenbank.26933
Op Drachtster merke wie froeger in tinte mei in swarte spegel. Dêr kom it portret fan 'e oansteande yn to stean, of in deakiste. Dat lêste bitsjutte dan, dat jy net trouwe soenen.
nl.verhalenbank.37151
De swarte spegel hienen se froeger altyd op 'e merken. Dêr koe men jin takomstige frou yn sjen. Òf men seach in deakiste. Dat woe sizze dat men net trouwe soe. Men moest achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.25581
By tonger woarde de spegel mei in skelk bihinge, ek by de dea. Dan waerd de klok ek stil set en de kouwe mei de fûgel forhuze nei in oare keamer.
nl.verhalenbank.36933
Op 'e merk yn in tintsje koenen jo yn 'e swarte spegel sjen. Dan wisten jy mei hwa't jy trouwe soenen. Mar ik ha noait yn sa'n tintsje west.
nl.verhalenbank.37936
By Durke Pyt - dy wenne op 'e Uleflucht to Drachten - kom us in jonge, dy makke in spegel roetswart. Hy frege of der ien wie, dy't graech ien sjen woe dy't dea wie. Pyt sei, sy woe graech har heit noch us sjen. De jonge bigong to mineuveljen en to roppen. Der kom in gedaente foar. 't Wie Pyt har heit, sprekend gelyk sa't hy dêr 't lêst útsjoen hie mei...
nl.verhalenbank.22873
Mei tongerich waer kommen der doeken oer alle blinkende dingen yn 'e hûs hinne, ek oer de spegel. En de kachel woarde oanset mei baelders. Hwant de skoarstien moest rikje.
nl.verhalenbank.33377
Yn 'e swarte spegel koe men de takomst sjen. Der kom in frommes yn of in deakiste. Dat frommes soe men mei trouwe. De deakiste bitsjutte dat men net trouwe soe.
nl.verhalenbank.29400
35