Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
67 datasets found
Dutch Keywords: spiegel trouwen
Op it Fliet yn Ljouwert wenne earen in âlde boer mei dy syn frou. Myn wiif hat dêr arbeidster west. Op in kear fortelde dy frou har: Je ha soms nuvere dingen. Doe't ik noch faem wie wie 'k ris in kear mei myn kammeraetske by Lammert de Jong yn 'e herberch. Dêr wie doe in swarte spegel. Doe seinen se tsjin my: "As jo yn dy spegel sjogge, dan wurde jo de...
nl.verhalenbank.28472
Forskeidene fan 'e Harkema ha yn 'e swarte spegel sjoen. Mar dêr haw ik my noait mei bimuoid. Sy krigen dan har wiif to sjen. Of sy seagen in deakiste; dan bleauwen se âld-feint.
nl.verhalenbank.25750
Froeger seagen de manlju wolris yn 'e swarte spegel. In man, dy't oarspronkelik fan 'e Houtigehage kom, hie der èk yn sjoen. Doe seach er de frou, dêr't er letter mei troud is. As in man in kiste krige to sjen yn 'e spegel, dan soed er net trouwe.
nl.verhalenbank.25963
Dy't yn 'e Swarte spegel sjogge kinne sjen mei hwa't se trouwe sille. Trouwe se net, dan krije se in deakiste to sjen.
nl.verhalenbank.10700
Op 'e merk yn Ljouwert hienen se soms in swarte spegel. Twa feinten út Burgumerheide gongen dêr ris hinne. Hja seagen beide yn 'e spegel. Doe seach de iene syn faem en de oare seach in deakiste. De iene is mei dy faem troud, de oare troude net, mar stoar.
nl.verhalenbank.36506
Dy't yn 'e swarte spegel sjocht krijt syn takomstich wiif to sjen. Trout er net, dan sjocht er in deakiste.
nl.verhalenbank.28063
Dy't yn 'e Swarte Spegel sjocht kin gewaer wurde hoe't syn takomstige frou der út sjocht.
nl.verhalenbank.29547
Dy't yn 'e swarte spegel seach koe de takomst gewaer wurde. Hy koe dan sjen hwa't er trouwe soe.
nl.verhalenbank.38138
In swarte spegel wie op 'e merken. Dat wie wiersizzerij. It fanke dêr't de man mei trouwe soe, kom der foar. Dat kloppe altyd.
nl.verhalenbank.36075
De manlju hjir seagen wolris yn 'e swarte spegel. Dat wie yn in tinte op 'e merken. Se koenen dan it wiif sjen, dêr't se mei trouwe soenen. Trouden se net dan kom der in deakiste foar. Sy moesten achterstofoar wer út 'e tinte wei.
nl.verhalenbank.25784
By kaertlizters yn Ljouwert hienen se in swarte spegel. As in manspersoan dêr yn seach, woarde hy de frou gewaer, dêr't er mei trouwe soe.
nl.verhalenbank.27391
In sekere Wolter út 'e Harkema wie op Drachtster merke. Hy hie forkearing hawn mei in faem, mar dy forkearing wie útrekke. Dyselde faem wie èk op Drachtster merke. Doe gong er in tinte yn en kaem foar de swarte spegel to stean. Dêr kaem dyselde faem foar, dêr't er forkearing mei hawn hie. Hy socht har op op 'e merke en sei: "Kom mar mei, hwant ik ha dy...
nl.verhalenbank.18160
Dy't yn 'e swarte spegel seach koe gewaer wurde mei hwa't er trouwe soe.
nl.verhalenbank.37791
Op 'e merken hienen se froeger tintsjes, dêr siet in swarte spegel yn. Dêr gong it jongfolk wol hinne, dan koenen se sjen mei hokker frou se letter trouwe soenen.
nl.verhalenbank.34504
Guon gongen froeger wol nei in swarte spegel. Dêr koenen se yn sjen hoe't de frou der útseach, dêr't se mei trouwe soenen.
nl.verhalenbank.34538
Ik hie in kammeraet, dat wie dikke Reinder. Wy arbeiden yn Harkstede op 'e feanterijen. Op in saterdei-to-joun gongen wy togearre nei Grins ta. Dêr stie in gebou, dêr hienen jy in swarte spegel yn. Dêr koenen jo yn sjen, as jo in frou krigen as net. Der wienen noch mear maten by. Ik die der net oan mei, mar myn maten wòl. Dy soenen allegear in frou ha. 't...
nl.verhalenbank.28891
Der wie in faem, dy woe de takomst graech wite. Doe gong se nei de kermis ta. Dêr wie in swarte spegel. Doe seach se dêr sawn kopkes yn. Hja lake en sei: "Dat kin ommers net!" Mar hja is troud mei in widner mei sawn bern.
nl.verhalenbank.22012
Dy't yn in swarte spegel seach woarde it portret fan syn takomstich wiif gewaer. As er net trouwe soe krige er in deakiste to sjen. Sa'n swarte spegel stie op 'e merken yn in tinte. De minsken moesten achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.27368
De swarte spegel hienen se froeger altyd op 'e merken. Dêr koe men jin takomstige frou yn sjen. Òf men seach in deakiste. Dat woe sizze dat men net trouwe soe. Men moest achterstofoar wer ta de tinte út gean.
nl.verhalenbank.25581
Der wenne yn Feanwâldsterwâl in faem dy woe graech trouwe. Doe gong se nei in swarte spegel ta en seach dêr yn. Doe krige se in deakiste to sjen. 't Wie har eigen deakiste. Koarte tiid dêrnei is se stoarn.
nl.verhalenbank.31053
35