11 datasets found
Dutch Keywords: speelkaart Place of Narration: Drachten
Imke de Jong kaem stéfêst op Drachtstermerke. Op in kear hied er kaerten yn 'e hân. Yn 'e foarm fan in koker hied er se yn 'e fûst. Doe sei er: "Skoppenboer, kom der út!" De kaert stoude wit hoe fier fuort út syn hân wei. Sa kommandearde hy de iene kaert nei de oare. Allegearre gehoarsamen en fleagen ien foar ien in ein fuort.
nl.verhalenbank.25591
Vier vrouwen wouwen uit wandelen gaan al in de klaverweide. Daar zagen ze vier ruiten staan. De boeren kwamen erbij. De boeren wouwen met schoppen graven. Schoppen wouwen de heren plagen. De heren lachen van harte zo blij. Toen kwamen de vier advokaten erbij. (rijmpje bij 't kaartspelen)
nl.verhalenbank.33245
Mei skoppenboer koenen guon in flesse jenever komme litte.
nl.verhalenbank.36934
Yn Almelo, yn 't loazjemint, wie in âlde Westereinder. Die koe mei skoppenboer in flesse drank komme litte. Deselde dy't mei him wedzje woe, moest de flesse oankrije. De flesse kom binnensweven. Dy oare hie him oankrigen. Hie er dat net dien, dan gong de Westereinder dea.
nl.verhalenbank.25578
Mei bihelp fan skoppenboer kinne guon in flesse drank komme litte. Dy kaert woarde nei bûten brocht tagelyk mei de lege flesse. Even letter kom de folle flesse der oansweven. Dy sweefde boven de tafel. De flesse kom fan 'e kweade.
nl.verhalenbank.27526
Dy't in flesse drank ha wol mei klaverboer praet earst mei ien ôf dy't de flesse oannimme sil. De earste jowt de flesse mei de kaert der oan oan in ûnsichtbere bûten de doar. Even letter komt de flesse fol mei drank der wer oan. De flesse sweeft. Dy't it biloofd hat mat de flesse beetkrije, oars giet de earste dea.
nl.verhalenbank.25246
Guon koenen mei in spylkaert in flesse drank komme litte. Bipaelde minsken kinne dat. Nêst in 60 jier woarde dat noch wol dien.
nl.verhalenbank.37935
Op 'e Houtigehage by Taeke van der Meer sieten ris guon yn 't achterhûs. Ien woe in flesse drank komme litte. Mar dat gong Taeke to raer. De man hie skoppenboer al bleat lein.
nl.verhalenbank.27070
Ik ha wol us heard, dat se mei skoppenboer in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.23995
Guon kinne mei Skoppenboer in flesse drank komme litte.
nl.verhalenbank.26126
Minse Griper en Tryn Snipel wennen oan 'e Spekloane. Tryn wie kaertlizter en Minse wie duvelbander. Wy hienen dêr lân. Om dêr to kommen moesten wy achter har hûs lâns. Heit hie ús bang makke foar Minse. Wy wienen trouwens altyd bang, fral jouns as it tsjuster wie. Doe't ik âlder wie siet ik us op in kear by Minse. Minse sei: "Soenen jim wol in buorrel...
nl.verhalenbank.25214
35