Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 results
Dutch Keywords: smijten Place of Narration: Twijzelerheide
Yn Grinslân hienen jy spûkskuorren. Dêr koenen jy nachts net wêze. Jy waerden fan 't plak smiten. De weinen rieden dêr samar út harsels oer 'e telle by nacht. De tsjerne bigoun út har sels.
nl.verhalenbank.37665
Der woarde altyd sein yn 'e Westerein: Om tolve ûre nachts moest men net oer de spoarbrêge, hwant dan spoeke it dêr. Dan wie dêr in wyt ding warber, dat forskeidene minsken dêr wol sjoen ha. It wie krekt as sweefde it. En it hearde dan krekt as woarde der mei stientsjes smiten. It jongfolk gong altyd it spoar del nei Feanwâldstermerke ta. Mar werom...
nl.verhalenbank.23766
Yn Kloosterburen wie in skuorre, dêr spûke it yn. Dêr woarden se fan 't iene plak nei 't oare smiten, as se dêr oernachten. Dêr moest rûmte makke wurde, hwant dêr moest hwat lâns.
nl.verhalenbank.20103
Ik ha faek yn Grinslân oan 't wurk west by de boer. Dêr fortelden se, dêr wienen spûkskuorren. De minsken dy't dêr leinen, waerden samar fan 't plak smiten. De doarren gongen samar iepen. Waerden se ticht dien, dan waerden se opnei wer iepen smiten. De weinen rollen út harsels op 'e telle om. De tsjernmoune gong midden yn 'e nacht.
nl.verhalenbank.38324
Doe't skoanheit wei wie, spoeke it noch like goed yn it húske. It hat dêr altyd spoeke. De hinnen sieten boven op 'e matte boven de beesten en dy gongen soms midden yn 'e nacht sa bot to kear, dat de minsken woarden der wekker fan. Dan raesden dy hinnen moart en brân. Krekt as soenen se formoarde wurde. It hynder stie moarns soms los op 'e stâl. De doar...
nl.verhalenbank.21996
5