Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
9 datasets found
Dutch Keywords: smijten zuipen
Wibe Hut (= Wibe Alma) siet besopen to Eastemar yn 'e herberch. Dêr sieten ek kammeraden fan him. Hy swetste en swearde mar. Ik wòl joun fechte, sei er, as is 't ek mei de duvel. Even letter sette er de kant út nei Harkema, de Swarte Wei en de Achttjinde wei lâns en sa oer de Wytfeanster wei (= Greate Seadswei). Dêr oan 'e kant fan 'e Wytfeanster Wei...
nl.verhalenbank.15875
Hjir op it Hegelân yn Jistrum wenne in koopman. Dat wie ien dy die oars net as sûpe en swetse. Hy hie nergens earbied foar. Mar op in kear doe't er ûnderweis wie nei hûs ta hat de duvel him opnom en smiten. Doe is er raer thús kom. Letter is er tsjerks woarn.
nl.verhalenbank.23125
Wy ha as bern wol nei de Grinzer klaei ta west om to flaechsteppen. Dêr wie ek in man by fan Burgumerheide, dat wie in sekere Jouke. Dy fortelde al us: Doe't ik jong wie, wie 'k in raer man. Ik gong faek nei Feanwâldsterwâl nei de kroech. Dêr gong 't op in sûpen en kaertspyljen. En dan sweare en flokke dat it raer wie. Mar op in kear, doe't ik wer út 'e...
nl.verhalenbank.23424
Yn Feanwâldsterwâl hat ien wenne, dy die 't tige raer doe't er noch feint wie. It wie ien dy't faek yn 'e kroech siet en dan sei er 't raer op. Kaertspylje, sûpe, him mâltjirgje, flokke en sweare en swetse. Hy spile ek op 'e harmoanika. Ienkear hied er der op spile, op in joun yn 'e kroech en doe hie er 't Onze Vader op flokwurden dêrby song. Doe't er út...
nl.verhalenbank.37875
Mike Ruerd is smiten woarn fan 'e Satan. De duvel hie him foargoed topakken. Op ien fan 'e houtsjes dy't oer de sleatten leinen fan 'e Skeanpaden (fan Readskuorre nei de Heide) dêr is Bouke Schievink al us smiten woarn. Bouke wie in raren en sûpte as in kreupel.
nl.verhalenbank.17596
Yn Easterwâlde wenne in faem, dy hie in feint, dat wie in hiele raren-ien. It wie de raerste fan hiel Easterwâlde. De faem hie har mem biloofd, foar dat dy stoar, hja soe 't út meitsje mei dy feint, mar dat die se net. Hja gong geregeld nei him ta en dan gong 't op in sûpen en kaertspyljen en flokken en al hwat mar raer wie. Op in kear kom se dêr wer wei...
nl.verhalenbank.19585
Der wenne in feint by de Trije Roeden. Dat wie in soan fan Foppe Jits. Dy sûpte ôfgryslik. 't Wie lytse Albert Scholte. Op in joun kom er fan Surhústerfean. Doe gong er de Feanster lânnen del. Underweis woarde er opnom en oer de sleat goaid. Hy kom oan 'e oare kant de sleat torjochte en dêr roan er in eintsje by de sleat lâns fierder. Mar hy tochte: "Ik...
nl.verhalenbank.23582
Yn Feanwâldsterwâl wenne in feint, dat wie in earst raren-ien. Mar op in kear, doe't er in goed stik yn 'e kraech hie, doe woarde er troch in ûnbikende beetpakt en fuortsmiten, in hiel ein. Sûnt mat er noait wer in foet yn 'e herberch set ha.
nl.verhalenbank.15774
In Kornhorn, even buiten het dorp, woonden twee broers, dat waren rare. Zuipen en vloeken dat konden ze. Maar dat gaat tot een zekere tijd toe. Op een keer zaten ze samen op de varkenswagen. En toen werd de een der zo maar afgegooid, zonder dat er een gezien werd. Dat was het werk van de duivel.
nl.verhalenbank.28025
35