Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 results
Dutch Keywords: slapen Place of Narration: Harkema
Rêdde jy it op en kom op 'e side to lizzen, dan ha jy gjin lêst mear fan nachtmerjes.
nl.verhalenbank.17538
Nachtmerjes wurde keard troch duveldrek ûnder 'e drompel to dwaen, of in lapke mei duveldrek op it boarst lizze.
nl.verhalenbank.15518
Der wie in feint, dy hiet fan Steven. Hy wenne yn Houtigehage oan 'e 'Trije Roede'. Hy reizge ris nei Drachtster Merke ta en woe dêr forkearing ha mei in fanke, mar dat fanke woe net. Dy nachts kom dat fanke by him op bêd as in nachtmerje.
nl.verhalenbank.15520
Ik lei op bêd op 'e rêch mei de hannen ûnder 'e holle. Doe kom der in âld frommeske oan mei in blauwe tipdoek op 'e holle, in âlde, grize kadoffert. Ik wie oan 't stjerren ta, doe't se kom. Doe't ik op 'e side komme koe, wie 'k forlost. It wie in nachtmerje. Sokken komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.20953
Doe't myn wiif Sjouk noch faem wie, hie se faek lêst fan nachtmerjes. Sy slepte op 'e souder en sy hearde de nachtmerje wol by de trap opkommen. It wie slim sa't dy nachtmerje har altyd pleage. Doe sei har mem tsjin har: "Ast de nachtmerje nou wer oankommen hearste dan mast hinnegean en siz trije kear hiel lûd: "Duvel, duvel, duvel, dû wurdst gjin baes...
nl.verhalenbank.17536
Ik wie noch yn 'e hûs en 'k lei op bêd. Doe hearde ik de nachtmerje oankommen. Hy kom troch 't kaeisgat. Ik hearde him dúdlik stappen. Doe sprong er op bêd en hy gong oer myn fuotten hinne. Op 't lêst doe hied er my al. Hy hat faek by my west. Sy sizze wol dat de nachtmerje ien fan sawn dochters is. Der wurdt wol sein dat men de klompen forkeard foar de...
nl.verhalenbank.25752
Nachtmerjes dy knipe jin de hals ticht. Sy komme stil yn 'e hûs. Men mat wyt moal oer jin hinne struije. Dan kinne se net oer jin hinne komme. It binne frommeskes. As men op 'e rêch leit, dan kinne se jin samar pakke. Ik doarst froeger net heal op 'e rêch to lizzen fanwege de nachtmerjes. De klompen oarsom foar de drompel sette, dat holp. Ik wie bang foar...
nl.verhalenbank.20669
Froeger mienden se dat in nachtmerje in frommes wie. De minsken moesten moal struije op 't gesicht en op 'e stoel. Dan krigen se gjin lêst, wie de hiting. Myn omke, Jehannes Jager hie altyd in protte lêst fan 'e nachtmerjes. Dy struide altyd moal op it gesicht. As de nachtmerje dan by him kom, koe se net wer fuortkomme, hwant moal bliuwt sitten en in...
nl.verhalenbank.33406
Yn 'e Harkema wie in frou dy wie op in moarn krekt oan 't kacheloansetten west. Doe lei se wer even op bêd. Doe kom der in nachtmerje by har. Sy koe net in wurd útbringe, mar sy hie noch sjoen, dat it in lyts, swart keardeltsje wie.
nl.verhalenbank.23666
Der wie us in man, dy sliepte yn it hea. Hy switte as in oandrager. Ynienen krige der him ien by de tean beet. It wie in nachtmerje. De man woarde kâld oan 'e hals ta. De hals woarde him ticht knypt.
nl.verhalenbank.21307
In nachtmerje koe in man wêze as in frou. By de froulju kom in man as nachtmerje, by de manlju in frommeske. Fan sawn op elkoar folgjende jonges of sawn op elkoar folgjende famkes wie ien in nachtmerje. It wie in boaze geest. Sa neamde myn wiif har beppe de nachtmerje ek. Dy hie de toffels altyd mei de hakken tsjin 't bêdsket oan. Op in kear, doe wie myn...
nl.verhalenbank.21138
Myn âldste suster Harmke wie in nachtmerje. Ik ha oardel jier by har slept, mar ik krige gjin wink yn 'e egen. Sa'n lêst hie 'k fan har. Doe sei mem tsjin har: "Mast mar net wer by Klaske lizze." Ik hie tiden dan smoarde ik hast. Hja lei boven op my en knypte de hân om myn hals. Wy wienen mei ús tsienen fan susters, dêr wie Harmke de âldste fan. Hja is...
nl.verhalenbank.22030
Der wie in widner mei lytse bern. Dy widner hie altiten lêst fan nachtmerjes. Hy krige hast noait in wink yn 'e egen en seach tsjin 'e nachten oan. Doe klage er syn leed by in buorman. Dy wist hast altyd wol ried. Doe't dy him heard hie, sei er: "Hastû ek moal yn 'e hûs?" Ja, dat wie der wol. "Set dat dan op 'e tafel en jow dy dan joun mar rêstich del. Ik...
nl.verhalenbank.15783
13