Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
36 datasets found
Dutch Keywords: slapen helm
Alde Willem Bos fan 'e Harkema wie mei de helm geboaren. Dy moest altyd alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan bleau er op 't eigen hiem stean. Dêr seach er de bigraffenis passearen. Hy hat de bigraffenis fan myn mem sa ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.25778
Knjillis Veenstra wenne yn 'e Westerein by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren en moest faek yn 'e nacht út bêd wei om hwat to sjen. Hy hat him der wol hiel bot tsjin forset, dan wòed er lizzen bliuwe, mar 't joech neat, der wie in macht dy't him dreau. Hy hat fan tofoaren sjoen, dat syn eigen dochter fordronk. Hy doarst it net tsjin 't âld-minske to...
nl.verhalenbank.21286
Wienen der sawn famkes yn in gesin dan wie der in nachtmerje by. As men nachts op 'e rêch lei wie der kâns dat de nachtmerje by jin kaem. By 't fuottenein kaem se by jin, stadichoan kaem se heger, op 't lêst wie se oan 'e kiel ta. Lei men op 'e side, dan krige men der gjin lêst fan. In nachtmerje kaem troch 't kaeisgat. Set men de toffels omkeard foar 't...
nl.verhalenbank.36868
Hjir op 'e Klontsjebuorren (nou Boskwei) hat in man wenne, dy wist altyd as der in deaden kom. It wie Douwe Stavasius. Nachts moest er der ôf. Dan koed er net langer op bêd wêze. Dan roan er op 'e wei om. Sy seinen, Douwe wie mei de helm geboaren. 't Kom altyd nei hwat er fortelde. Mar hy wist noait hwa't der stjerre soe. Hy sei 't wol dagen fan tofoaren...
nl.verhalenbank.23135
Bontsje Keeke hie it net maklik. Soms hied er noch mar in healûre op bêd lein, dan moest hy der út om hwat to sjen.
nl.verhalenbank.23900
Der wienen guon, dy wienen mei de helm geboaren. Dy moesten fan to foaren bigraffenissen sjen. De needsaek twong har ta 't bêd út. Sa'n man wie Knjillis Veenstra fan Twizelerheide. Hy wenne by 't spoar.
nl.verhalenbank.33524
Ik en Eibert Veenstra kommen us in kear by Knjillis Veenstra. Dy wie mei de helm geboaren. Eibert moest omke tsjin him sizze. Knjillis fortelde, dat hy lei op in kear op bêd, doe woarde der kloppe. Dat gebeurde wol faker. Dan woenen se him der út ha. Mar dit kear woed er lizzen bliuwe. Mar it klopjen hâldde mar oan en op it lêst krige er it sa binaud, dat...
nl.verhalenbank.19536
Yn 'e Himrik stie in woanwein, dêr wenne in man yn, dy wie mei de helm geboaren. Alle nachten moest hy der ôf en nei 't tsjerkhôf ta. Der waerd dan op 'e wein kloppe en dan sei er 'ja'. Op in kear kom der in lykstaesje lâns by nacht. Dy koe net passeare. Hy moast mei de wein fan 't sté. Dat die er dyselde nachts. De oare deis forstoar der ien. 't wie...
nl.verhalenbank.21019
Guon bern wurde mei de helm geboaren. As dy helm fuort by de geboarte forbrând wurdt, hoeve sokke lju der letter nachts net ôf. Oars matte se alles sjen.
nl.verhalenbank.29478
To Uthuzermeden wienen twa keppels by de boer to wjudden. Uthuzermeden leit yn 't noarden fan Grinslân. De iene keppel kom fan Twizelerheide, de oare fan 'e Harkema. De keppel fan 'e Harkema slepte boven op in souder en dy fan Twizelerheide ûnder op 'e telle. Alle nachten moest der in frommes fan 'e Harkema ôf. Dan gong se by de leider del. Guon hienen...
nl.verhalenbank.21540
Hinke Kaert fan Nijebrêge wie mei de helm geboaren. Sy moest der nachts ôf om lykstaesjes to sjen.
nl.verhalenbank.21026
Us heit kom fan Rotfalle. Dêr wenne in man, fortelde er, dy wie mei de helm geboaren. Dy seach lykstaesjes yn 'e nacht. Op in nacht hied er in man by him hawn. Doe hied er sein: "Mast hjir om tinke, as der aenst in lykstaesje komt, dan mast oan kant gean." Doe't it sa fier wie, sei er: "Op side." Doe moest dy oare yn allegear drek en brabze stean gean. Hy...
nl.verhalenbank.26172
Yn Aldeboarn wenne in frou dy wie mei de helm geboaren. As der hwat to sjen wie moest sy der nachts altyd ôf. It hindere har bot en sy klage der faek oer. De lju seinen tsjin har: "Bliuw lizzen, minske." Mar hja sei: "Dat kin ik net." "Och", seinen se, en sy woenen it net leauwe. Doe sei se: "Jimme matte 't jim foarstelle as dat jim noadich pisje matte....
nl.verhalenbank.33157
Guon minsken binne wol oan kant set, as der in lykstaesje oankom. 't Gebeurde hast altyd by nacht. Guon seagen sa'n lykstaesje fan tofoaren. Dat wienen guon dy't mei de helm geboaren wienen. Sy moesten dan nachts út bêd wei. Sy woarden der útkloppe. Guon stienen dan foar 't finster to sjen. Mar oaren gongen bûtendoar en moesten soms hiele einen rinne om...
nl.verhalenbank.25537
Hinke hat my forteld: "Ik bin mei in helm geboaren. Hie 'k him mar net. Ik sil 't jo fortelle, ik ha der fannacht twa kear út west. Beide kearen ha 'k in lykstaesje sjoen. Hjir ien fan myn neiste buorren, dy hat der aenst west." En hwat blykt? De oare moarns is de man wol dea. Sy sei, 't siet yn 'e helm.
nl.verhalenbank.23807
Skoanheit wie mei de helm geboaren. Dy moest der wol gau us ôf as er op bêd lei. 't Wie hast altyd yn 'e nacht. Dan moest er sjen. Hindrik Pitstra hiet er. Hy wenne oan 'e Langewyk.
nl.verhalenbank.20673
Hjir ha guon wenne, dy wienen mei de helm geboaren. Dy koenen dan sizze binnen hoefolle dagen der wer in deaden yn Boarnburgum wêze koe. Sy seagen de lykstaesjes foarút. Nachts moesten sy der dan út. Wie der ien dea, dan sei sa'n ien: "Ik ha 't wol sjoen."
nl.verhalenbank.25672
Ulbe Akke fan Moddergat wie mei de helm geboaren. Dy moest der nachts út. Hja woarde wekker en wie dan alhiel oerstjûr. Dan seach se in lykstaesje. Hja hat ek de lykstaesje sjoen fan 'e buorfrou dy't tsjin har oer wenne. As hja wer in lykstaesje sjoen hie, wie se de oare deis mâl fan 'e pine yn 'e holle.
nl.verhalenbank.27850
Alde Knjillis Veenstra wenne by 't spoar. Hy wie mei de helm geboaren. Hy útfanhûze wol gauris by syn suster. Dy hat wolris forteld, as hy kom, dan rûme hja bûten alles op, hwat mar yn 'e wei lizze koe. Hwant it gebeurde wit hoe faek dat hy der nachts op út gong, en dan koe 't wolris gebeure, ornearre se, dat er oer dingen yn 't tsjuster stroffelje soe....
nl.verhalenbank.23770
Alde Metske Smit wie mei de helm geboaren. Yn 'e nacht moast hy der ôf. Dan seach er lykstaesjes de wei passearen. 't Kaem letter altyd krekt sa nei.
nl.verhalenbank.19629
35