Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: slapen bed Place of Narration: Drachten
Yn Aldeboarn wenne in frou dy wie mei de helm geboaren. As der hwat to sjen wie moest sy der nachts altyd ôf. It hindere har bot en sy klage der faek oer. De lju seinen tsjin har: "Bliuw lizzen, minske." Mar hja sei: "Dat kin ik net." "Och", seinen se, en sy woenen it net leauwe. Doe sei se: "Jimme matte 't jim foarstelle as dat jim noadich pisje matte....
nl.verhalenbank.33157
In sekere Sake van der Kloet en syn wiif wennen op 'e Skieding oan 'e Fryske dyk. Dy beiden koenen och sa min mei elkoar. Doe't syn frou yn posysje wie, sloech er har mei de bolleskeppe. Doe sei de frou: "Noust' dat dien hast, hoopje ik dat God in teken oan it bern jowt, nou't ik yn posysje bin." Doe krigen se in bern, dat wie gebucheld. (Alle oare bern...
nl.verhalenbank.17753
Der kommen ris op in kear trije man yn in herberch. De iene wie in generael, de oare in rjochter en de trêdde in doomny. Dy fregen elk in sliepplak. Doe sei de kastlein: Ik ha mar ien bêd oer, dat ik kin mar ien fan jimme trijen bêdzje. Hwa mat dat nou wêze? Ik mat earst jimme birop mar ris wite. De generael sei: "Ik ha fiif en twintich jier lein yn in...
nl.verhalenbank.32905
Der wie in mynhear, dy kom by in herberch. Hy woe dêr graech ûnderdak ha foar de nacht. Mar it wie dêr o sa drok. De kastlein sei: Alles is fol, mar der is noch àl ien rûmte, dat is hwat in nuver plak, hwant dêr sit in gerdyn yn, dat de skieding is mei in oare rûmte. Achter dat gerdyn haw ik al ien to sliepen. As er dêr genoegen mei nom koed er dêr...
nl.verhalenbank.32904
Ritske wie yn 'e Beetster petten oan 't baggeljen. Ritske hie gedonder hawn mei Jaring Hollander fan 'e Fjouwer Roede. Dy hie him biskiten mei jirappels. Ritske moest der alle nachten út. Dan kommen der altyd twa man. De iene krige him yn 'e earm, en de oare gong achter him oan. Dy achterste sei altyd: "net dwaen", Sa kommen se by de petgatten. De iene...
nl.verhalenbank.23013
Ien dy't mei de helm geboaren wie, wie kûgelfrij. Paul Krüger wie ek kûgelfrij. Hy wie ek mei de helm geboaren en moest alles sjen. Nachts moest hy der út. Dan seach er bigraffenissen. Hy wie heldersjende.
nl.verhalenbank.27499
Myn frou wie us by har âlden. Hja hie hwat spul hawn mei my. Dêr wie se al fjirtsjin dagen. Doe kom Tryn Snipel dêr us in kear. Doe't se wer fuortgong sei se tsjin myn frou: "Lieve, wolst net in eintsje mei?" Underweis seach myn frou tafallich, sûnder erch oer Tryn har linker skouder hinne. Doe't myn frou de jouns op bêd lei, hearde se in freeslik...
nl.verhalenbank.23102
Piter de Graaf wie mei de helm geboaren. Hy wenne op 'e Suderdwarsfeart by de âlde sûkerfabryk. Nachts gong hy der faek op út om bigraffenissen to sjen.
nl.verhalenbank.33317
35