Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: schip Place of Narration: Eastermar
Der wie us in skipper, dy bistelde in skip by in hellingbaes yn Smilde. Hy woe 't sa en sa ha. De hellingbaes sei: "Dat wurdt in nuver skip, as jo dat sa ha wolle. Ik kin 't fansels wol meitsje, mar it jowt grif gjin reklame oan 'e saek." Mar de skipper woe 't net oars ha. Sadwaende gong it karwei oan. Doe't it skip klear wie, liet er op it wetterfet...
nl.verhalenbank.21848
Sybren Smid forhuze fan Eastemar nei Garyp mei 't skip. It ambyld moest ek mei fansels, mar hja koenen it mei fjouwer man net risse. Dêr kom Bouwe de Jong oan. Dy tilde 't allinne yn 't skip. "Gean mar even oan kant", sei er. Bouwe de Jong fan Eastemar wie ôfgryslike sterk.
nl.verhalenbank.21838
Hy naem acht sekfollen sied op 'e kroade, dêr kroade er mei nei 't fearskip ta dat yn 'e haven lei. Sa kaem er by Jehannes Minsinga, de fearskipper. "Hwer wolst se ha?" frege er Jehannes. Dan roan er oer 'e planke mei ûnder elke earm in sekfol. Hy die alles kalm.
nl.verhalenbank.36599
As men de moandeis bigjinne soe to sichtsjen op it Wytfean, dan bigoun men eins al op saterdei. De saterdeis waerd der in lyts stikje nôt sichte, dan wie der al in bigjin makke mei 't kerwei. Dit die men omdat der forkearde mendjes (kwea-mendjes) yn 't jier binne. Skippersfeinten woarden ek noait op moandei ynhierd, mar altyd op tiisdei (yn 'e wetterhoeke).
nl.verhalenbank.12269
Wy leinen mei 't skip yn Petersburch by Donkerbroek, om jirpels to laden foar 't jirpelfabryk yn Huzum. Op in moarn sei myn suster: "O, hwat haw ik fannacht in rare droom hawn!" "Hoe dat sa?" seinen wy. Wy seagen wol dat se hwat fan 'e wize wie. "Ik ha droomd," sei se, "dat Jehannes Boom wie dea. Ik seach foar myn egen dat er stoar. It wie allegear sa...
nl.verhalenbank.36694
Alde Siis-Iebeltsje wenne to Eastemar op it Waltsje. Hja wie bolrinster, mar 't wie ek in tsjoenster, seinen de lju. Der wie in siik bern by Durk van der Meer, in skipper. Dat hie hja bitsjoend. Doe binne se hinnegong en leinen duveldrek ûnder 'e planke fan 't skip. Doe kom Iebeltsje dêr net wer mei de bolkoer. Hja doarst net oer de planke, sei se.
nl.verhalenbank.36697
35