Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
De duvel fan Earnewâld soe ris op redens nei Warten ta. Doe't er op 'e Lange Sleatten wie ried er yn in wek. Mar hy hie sa'n faert, dat syn holle waerd troch de skerpe kant fan 't iis ôfsnien fan 'e romp.
De holle glide oer 't iis fierder en de romp ûnder iis.
Sy koenen 't krekt lykhâlde en doe't se wer oan in wek tawienen wie 't halt - de kop wer op 'e...
nl.verhalenbank.24922
Der wie ris ien yn Fryslân, dy koe hiel hurd ride op redens. Sa hurd, dat der wie net ien dy't it tsjin him hâlde koe. Hy stoude elkenien foarby.
Doe gebeurde it dat der ien njonken him kom. Doe rieden se tsjin elkoar. Hy ried sa hurd er koe, om it mar fan dy oare to winnen. Doe stoude er yn in wek, dat er net sjoen hie.
Dat gebeurde mei sa'n feart, dat...
nl.verhalenbank.27929
De bakker fan Warten
'Der hat ris in bakker yn Warten wenne, dy koe mear as in sljochtwei bakker. As jins holle jin net nei 't sin wie, te ûnsjoch bygelyks, dat men sei, ik kin net foar de kreammen lâns, dan koe men hinnegean en lit jins holle oerbakke te Warten. Dan kaam de holle der efkes ôf; dy gong yn 'e oven en waard moaier bakt. Mar no siet dêr wat...
nl.verhalenbank.13672
Holle ôf, holle op
De ferhalen binne planteit yn it wetterlân, dat in hurdrider yn in wjek rydt en dat de holle der tsjin 'e skerpe râne fan it iis ôfsnijd wurdt en boppe it iis fierder skuilt, wylst de romp der ûnder troch sylt. Oant se yn it twadde wjek krekt wer opinoar komme en fuort oaninoar fêstfrieze. Soms sit in spûk de rider efter, soms net....
nl.verhalenbank.13670
Holle ôf, holle op
'Dy âld man fan Warten hie noch wat oer dy ferneamde Wartenster bakker. Der wie in man, dy koe alderôfgryslikste hurd ride en hy ried fan Earnewâld nei Warten. Mar hy wist net, dat yn 'e Krúswetters in grut wek wie. Dat wist de man net, dat hy ried fol faasje en hy ried yn 't wek. Mar hy hie sa'n alderraarsten gong, dat oan 'e oare kant...
nl.verhalenbank.13671
(28.30 min)
DJ: dan stiet hjir: De legendarische schaatsenrijder. Ik wyt sels net wat it is. De legendarische schaatsenrijder. Ik weet zelf niet wat dat is.
JV: Daar zijn verschillende verhalen over.
DJ: Oer in hurdrider, in rider. Kenne jo dat ferhaal ek fan dy rider, dy’t dan yn in wek rydt en dan giet syn holle der ôf.
JV: Ja, maar dat is wel om om te...
nl.verhalenbank.69757
Twa kear hurdride
Hiel lang lyn wenne der yn Earnewâld in smid. As ik yn skoalle oer him fertelde, neamde ik him altyd Harke Doedes en dêr sil ik my no ek mar by hâlde. Hy stie good oanskreaun, want hy wie redsum en behelpsum en hy ferstie syn hantwurk út 'e pin. De boeren wienen altyd tige oer him te sprekken. As Harke in hynder op fjouweren besloech,...
nl.verhalenbank.13039
Der wie ien dy koe ôfgryslike hurd ride. Op in kear ried er yn in wek ûnder in brêge.
Syn holle woarde troch it iis ôfsnien. De holle glide fierder oer it iis en it lichum ûnder it iis gong lyk mei op. Dat doe kommen dy holle en it lichym tagelyk by in wek ûnder in oare brêge. De holle kom wer op 'e romp to sitten en de man ried fierder, krekt as wie der...
nl.verhalenbank.12536