Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
5 datasets found
Dutch Keywords: rust Place of Narration: Eastermar
Alde Ealse Sijke fan Eastemar fortelde, der wienen wol berntsjes fan kant makke woarn, dy't de âlden net bigearden. Mar dan kommen dy berntsjes werom en spoeken algeduerigen. Hwant dy berntsjes koenen de rêst net krije omdat se gjin léguod meikrigen hienen. Der moesten dan twa minsken freegje, hwat se bigearden. Dat wienen de oansprekkers. Ien...
nl.verhalenbank.21873
Der mat in frou wenne ha op 'e Tike of sa. Dy forkocht wol bûter, mar sy hie de minsken noait it folle gewicht jown. Sy kom to forstjerren, mar sy koe de rêst net fine. Sy kom hyltyd werom. Doe hellen de lju de dûmny derby en dy spruts har oan. Doe sei se hwat har bigearte wie. As de faem oan dy en dy minsken safolle bûter jaen woe, sûnder der sinten foar...
nl.verhalenbank.20070
Boardzer Bruining fan 'e Houtigehage wie mei de keppel op 'e Grinzer klaei. Dêr wie ek in neef fan myn wiif by. Doe seach Boardzer dêr op in nacht yn 'e skuorre, dêr't se yn slepten, twa neakene berntsjes omrinnen. Dy koenen de rêst net krije, omt se gjin deaklean oankrigen hienen.
nl.verhalenbank.22267
Heit hat wol faek sein, dy't bigroeven woarde sûnder in deadshimd oan, dy oppenearre him letter wer. Ek hwannear't men de skûteldoek, dêr't de deade mei wosken woarde ensa net mei yn 'e kiste die, dan krige de deade gjin rêst.
nl.verhalenbank.28382
By Bindert Japiks op it Bouwekleaster wie Hearke boerearbeider. Hearke en in oare arbeider stienen by de dongbult en de feint ried de wein mei dong fuort. Mar dy feint wie samar wer werom, dat it gong Hearke hwat to hurd. Hy sei tsjin syn maet: "Dû mast de dong mar splite yn greate stikken. Doe laedde Hearke dy greate stikken dong op 'e sydleiders, op 'e...
nl.verhalenbank.19947
35