Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: rug Place of Narration: Harkema
Hynders dy't lêst hienen fan nachtmerjes struiden se moal of kaf op 'e rêch.
nl.verhalenbank.21236
Ik lei op bêd op 'e rêch mei de hannen ûnder 'e holle. Doe kom der in âld frommeske oan mei in blauwe tipdoek op 'e holle, in âlde, grize kadoffert. Ik wie oan 't stjerren ta, doe't se kom. Doe't ik op 'e side komme koe, wie 'k forlost. It wie in nachtmerje. Sokken komme troch 't kaeisgat.
nl.verhalenbank.20953
In nachtmerje is in frommeske, ien fan sawn dochters, as se op elkoar folgje. Sy komme troch 't slotsgat yn 'e hûs, Der wie in boer, dy hie in hynder, dat woarde faek troch de nachtmerje biriden. Dêr hie 't dier gâns hinder fan. Doe struide de boer it hynder ris in kear moal op 'e rêch. Doe koe de nachtmerje der net wer ôf komme. De oare moarns siet se...
nl.verhalenbank.23532
Men gong ek wol hinne en strui moal op 'e stuollen. Dêr wie in nachtmerje bang foar, hwant sy mocht bislist neat meinimme út it hûs, dêr't se kom. En moal hong maklik oan. Op oare plakken hongen se wol us fleartokken foar 't bêd. Op 'e rêgen fan 'e hynders struiden se gewoanlik kaf. Fan 'e sawn susters wie ien in nachtmerje. Der hat hjir yn 'e...
nl.verhalenbank.15785
Nachtmerjes dy knipe jin de hals ticht. Sy komme stil yn 'e hûs. Men mat wyt moal oer jin hinne struije. Dan kinne se net oer jin hinne komme. It binne frommeskes. As men op 'e rêch leit, dan kinne se jin samar pakke. Ik doarst froeger net heal op 'e rêch to lizzen fanwege de nachtmerjes. De klompen oarsom foar de drompel sette, dat holp. Ik wie bang foar...
nl.verhalenbank.20669
Ien fan 'e sawn dochters is in nachtmerje. Nachtmerjes komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Der wenne in boer op Readskuorre, dy hie in pear hynders, dy woarden nacht op nacht troch sa'n nachtmerje biriden. De feint hat der wol ôf west to sjen, sa'n oorverdovend lawaei wie it. Mar hy hat noait hwat sjoen. Op in kear struiden se de hynders kaf op 'e rêch....
nl.verhalenbank.26275
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
7