Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: rug Place of Narration: Drachten
Yn Akkrum, dat doe noch gjin namme hie, wie in reus oan 't slatten. Dêr krige er 't bot fan yn 'e rêch. Dat kom om't er hyltyd krûm stien hie ûnder 't slatten mei in bollepream. Doe sei er: "Ah... krom!" It plak krige doe de namme Akkrom. (Der wurdt ek forteld, dat twa reuzen dêr ris mei in kanael oan 't graven wienen. De iene seach achterom. 't Kanael...
nl.verhalenbank.33046
By de Skieding hienen jo twa dobben. Oan 'e iene kant fan 'e wei wie de Janke-dobbe, oan 'e oare kant de Tryntsje-dobbe. Der wie in sekere Janke, dy hie in feint. Dy feint hie de forkearing mei har út makke, en doe hat Janke har dêr forsûpt. Sa hat dy dobbe de namme fan Janke-dobbe krigen. Sûnt hja har dêr forsûpt hat, spoeket it dêr. Yn 'e oare dobbe ha...
nl.verhalenbank.26058
Yn Surhústerfean ha ek in pear ûnbidich-sterke mannen wenne. 't Wienen bruorren: Jan en Hindrik van der Meer. In fjirdel hûndert poun tilden se samar op. De iene sloech út gekheit my wolris mei twa fingers op 'e rêch. Dat kom slimmer oan as de traep fan in hynder.
nl.verhalenbank.26111
Hynders hienen faek lêst fan nachtmerjes. Heit fortelde, oan 'e Dwarsfeart struiden se altyd kaf op 'e rêgen fan 'e hynders. 't Wie us gebeurd, doe hie de oare moarns de nachtmerje op 'e skerne stien, om de plúskes fan har klean ôf to sykjen. Hwant sy mocht neat meinimme. Klaes Boelens syn heit seach de nachtmerjes nachts foar 't glês oankommen, as er op...
nl.verhalenbank.19695
Yn Lúxwâlde wenne in tsjoenster, dy gong altyd nei de winkel om boadskippen, mar hja bitelle noait. De winkelfrou sei tsjin har: "Jo matte ekris bitelje." Doe kom dat frommes as in kat werom. De beide froulju hienen slim rûzje hawn. Doe't de winkelfrou de kat seach, goaide se har in tsjettelfol siedend wetter oer de rêch. "Hjir, dû smoarge tsjoenster,"...
nl.verhalenbank.26116
Hoe't men in wikseldaelder krijt: As men in wikseldaelder ha wol, mat men durf ha. En men mat nergens oan leauwe. Men mat in swarte kat oantuge. Dy kat mat men op 'e rêch yn in sekje drage. It mat roettsjuster wêze, gjin ljochtmoanne. Dan mat men 't hiele tsjerkhôf trije kear yn 't roun rinne. Elke kear as men it yn 't roun roan hat, mat men op syn minst...
nl.verhalenbank.19380
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe. As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
Jan Jagersma fan Drachten wie tige sterk. Doe't er ris in kear by de hoofdbrêge fan Drachten wie mei syn frachtauto, koed er dêr de draei net krije. Doe sette hy de rêch ûnder 'e auto en sette him om. Ek in kear doe hie Jan Jagersma ûnder elke earm in bael sûker en ek noch ien op 'e nekke. Dêr sjoude er mei de trap op.
nl.verhalenbank.37129
Ergens stie in slot. De hear en de frou wienen útfanhûs. It personeel wie allinne mar thús en dy moesten op it slot passe. De fijân fan 'e slothear dy wist dat en tocht: nou matte wy ús slach slaen. Doe kaem dêr op it slot in man, dy hie in great pak op 'e rêch. Hy praette mei de faem en frege of dat pak dy nachts wol yn 't slot lizze mocht. De faem sei,...
nl.verhalenbank.36781
Dêr wie in man, dy kom wol op 'e Dwarsfeart. Dêr hie ús heit in hekel oan. Hwant as dy man de hân op 'e rêch fan 'e bargen lei, dan woarden dy bargen blau. Dy man hie de kweade hân, dêr moesten se bot foar oppasse. Heit sei: "Noait fremden by de bargen litte."
nl.verhalenbank.19857
Der wenne in boer yn Surhústerfean, as dy moarns by 't hynder kom yn 'e stâl. dan wie 't beest kletstrochwiet fan 't swit. Alle nachten siet der in nachtmerje op 'e rêch fan 't beest en dy ried dan op him om.
nl.verhalenbank.26044
Guon strutsen in keal oer de rêch, dan gong it samar dea. Heit sei altyd: noait in keal oer de rêch strike.
nl.verhalenbank.36928
Ast goed sjochste, sit der in man mei in takkebosk op 'e rêch yn 'e moanne. Hy sit dêr foar straf, hwant hy hat us hwat útheve.
nl.verhalenbank.25574
35