Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 results
Dutch Keywords: rug hekserij
Hwannear't der yn in húshâlding sawn famkes binne, is der in nachtmerje ûnder. As jy op 'e rêch lizze krije jo lêst fan sa'n nachtmerje. As jo der gjin lêst fan ha wolle matte jo de iene skoech mei de hakke en de oare skoech mei de tean tsjin 't bêdsket oan sette. Jo kinne ek in wiete dweil foar 't bêd lizze. Heit hat wolris forteld, dat guon ris in...
nl.verhalenbank.32640
De nachtmerjes hienen wy 't net op stean. Ien fan sawn dochters wie in nachtmerje. Sy kommen troch 't kaeisgat yn 'e hûs. Sy leinen in stik roggebrea op 'e stoel foar 't bêd, dan koe de nachtmerje net komme. Myn wiif die altyd de skuon of de klompen of de toffels achterstofoar nêst elkoar. Dan koe de nachtmerje der net yn stappe. As jy op 'e rêch leinen,...
nl.verhalenbank.22921
Fan sawn op elkoar folgjende dochters is ien in nachtmerje. Geart Bijma fan 'e Harkema hearde de nachtmerje altyd wol by 't leiderke opkommen. Dan gong er gau mei de rêch nei de planke lizzen, dan koed er him net krije.
nl.verhalenbank.24263
Sake Hupert hie sels ek in nachtmerje by syn hynder hawn. It swit kom it dier ta de moanjes út. It hynder hie in hynstedek oer hawn foardat de nachtmerje kom. Doe't de nachtmerje fuort wie, hie 't nergens to finen west.
nl.verhalenbank.29508
In nachtmerje is in frommes. Der wie in boer, dy hie in hynder. Dat dier hie alle nachten lêst fan 'e nachtmerje. Op in kear struide hy kaf oer de rêch fan 't hynder. De oare moarns siet der in frommes yn 't hok, dy struts har it kaf fan 'e klean ôf.
nl.verhalenbank.25391
Ik ha 't mei in hynder wol meimakke, dat dy nachts op 'e stâl omdânse fan bangens. Dan siet de nachtmerje der op. Dan sieten der de oare moarns prachtige flechtsjes yn 'e moanjes. Om se to kearen kin men roggeangels of moal op 'e rêch fan 't hynder struije. In nachtmerje mei neat meinimme, dat foar roggeangels en moal binne se bang. Troch 't kaeisgat...
nl.verhalenbank.25184
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
7