Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
3 results
Dutch Keywords: rijk geld
Myn âld buorman Ate roan mei Imke de Jong troch Twizel. Doe frege er Ate om in kwartsje. "Ha 'k net", sei Ate. Even fierder sei Imke: "Dû seist niis, datst gjin sinten hiest. Hwat is dit dan?" Doe hied er Ate syn jildponkje yn 'e hân. "Nou soest tinke," forfette er, "Imke de Jong is samar ryk. Mar sa sit it net. Ik kin se net hâlde."
nl.verhalenbank.21650
Wy ha twa jier njonken stammerige Harm wenne. De minsken seinen dat er tsjoene koe. De man hie altiten wol jild. Hy wie oan 'e duvel forkocht, seinen se en hy hie in wikseldaelder. Mar hy wie ek ôfgryslike deun en sunich. As er ûnderweis út 'e broek moest, died er syn bihoeften yn 'e bûsdoek. Hy pakte 't yn en naem it mei en lei it by him thús op it...
nl.verhalenbank.20117
Jehannes koe syn kat oer de feart springe litte, hinne en werom. Jehannes hie in protte forstân fan klokken. 't Wie in man mei sinten, doe't er dea wie. Hy die yn syn lettere jierren hwat er woe. Strykjildskriuwe mocht er ek graech dwaen. Syn heit hat great boer west. In pakesizzer fan him wennet yn Feanwâlden.
nl.verhalenbank.38244
3