Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
11 datasets found
Dutch Keywords: rijden Place of Narration: Boelenslaan
Dêr't letter de tram ried, dêr seagen wy in twa en fyftich jier lyn al ljochten. "Sjoch, dêr is dat ljocht wer", seinen wy dan. 't Wienen wylde lantearnen.
nl.verhalenbank.32416
Yn 'e blêdden fan 'e reiden dêr sitte de toskôfdrukken fan 'e ezel, dêr't Jezus op riden hat.
nl.verhalenbank.26104
Der wie in man dy kom der oanriden mei in hynder en wein. 't Wie by in brede feart. Doe klonk der in stim út dy feart: "De tijd is er wel, maar de man is der niet." Doe is dy man fuort dêrnei yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.17727
Us buorfrou sei us tsjin my: "Hearst it wol, Antsje, hoe'n gerattel as der yn 'e loft is? Soe men der net binaud fan wurde? Hwat is dat nou?" Hwant der wie neat to sjen. Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21903
Op in kear wie Sterke Hearke yn Kromelle om in kroadfol wyt sân. Hy soe de kroade mei sân skean troch de bou nei hûs ta ride. Mar dat woe net, it fjild krige tofolle kear yn 'e modder. Doe krige er de kroade fol sân ûnder 'e earm en sa is er nei hûs ta roan.
nl.verhalenbank.28168
In soan fan Bareld Pultrum ried us mei de wein fan Houtigehage nei 't Jachtfjild ta. Doe siet der him in fôlle achternei en dy achterfolge de wein oan it Jachtfjild ta. It wie in hiel nuvere fôlle mei allerhande kleuren.
nl.verhalenbank.17039
Op in kear bistelt Wytse by de weinmakker op 't Fean in nije platte kroade foar trije ryksdaelders. "Is dy sterk genôch?" seit er tsjin Sipke (de weinmakker). "Dêr stean 'k foar yn", seit dy. "Dan tref ik it," sei Wytse, "ik mat hwat stien brûke." Hy giet oer de wei nei Jan Schuilinga. "Ik mat twahûndert stiennen ha." "Hoe woenen jo dy thús krije?" "Ik ha...
nl.verhalenbank.25103
Op in kear wie ús heit to jounpraten nei Wipk-moai en Sibrich-moai. Dy wennen oan 'e betonwei, njonken dokter. Heit hie Knjillis-om ek meinom. Doe't it let woarde, sei heit: "Wy matte ek mar us wer nei hûs ta." Doe't heit en Knjillis-om op 'e betonwei stienen, seagen se allebeide de kant nei 't kleaster út. "Hwat komt dêr oan?" sei de iene tsjin 'e oare....
nl.verhalenbank.21211
Myn dochter krige har earste poppe. Doe krige se buikvliesontsteking. Ik wie deabinaud dat ik har misse moest. Ik gong de Loane del, op 'e fyts. Der siet in great gat yn 'e strjitwei. Dat seach ik net, sa bot wie 'k mei myn gedachten by myn dochter. Ik ried der troch hinne. Ik krige in skok. Doe sei 'k: "Och God, help my nou. Soe myn fanke nou...
nl.verhalenbank.37843
Heit en Durk Bolwyn gongen der togearre wol mei de karre op út om matten to forkeapjen, dy't se sels makke hienen. Sy skouden de karre om beurt, de oare siet dan op 'e karre. Mar doe't se op in kear tusken 't Jachtfjild en 't Blauhûs wienen, gong de karre almachtige swier en 't rattele yn 'e speaken, dat de iene die de oare in forwyt. Mar gjin fan beiden...
nl.verhalenbank.17673
Jan Hepkes soe us nei Ljouwert ta oer iis. Hy bynt him op op 'e feart yn 't Fean en sa rydt er op Ljouwert yn. Underweis komt er by de Skûlenburchster brêge. It is net rjocht fortroud om dêr ûnder troch to riden. De riders klauwe allegear oer de wâl hinne en geane de oare kant de brêge wer op 't iis, mar Jan tinkt: "Ik mat my mar hwat ôfsette. Ik wol dêr...
nl.verhalenbank.26094
35