Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
40 datasets found
Dutch Keywords: rijden weg
En dat heb ik ok wel is gehoord, dat er boere op de weg ware met paard en wage. De toverheks stin inde deur en die liet ze in 't water rije, in de sloot naast de toverheks.
nl.verhalenbank.126402
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd." "Ja", sei 'k. Even letter fytste ik wer gewoan. Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze." 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Ik ha dy forhaeltsjes meast fan ús Anne-om. Hy fortelde ek dat Rixt altyd dongkroade. Sy wennen yn in lyts spultsje oan 'e Lytse wei. As Rixt mei de kroade fol troch 't mollelân (= 't ploege lân) kroade of oer it hurde paed, dat wie har krekt itselde. Sy koe net warch.
nl.verhalenbank.26138
Op in nacht hearde ik dúdlik in kroade by ús yn 't achterhûs, dy ried nei de wei ta. Ik sei tsjin Klaes: "Hark, dêr rydt in kroade de wei del. Dy komt by ús út it achterhûs. Dy kin ús turf wolris meinimme." Klaes der ôf en sjen. Hy hie 't gewear klear. Mar der wie neat to sjen. It hie Jehannes syn wurk wer west.
nl.verhalenbank.38272
Op 'e Grinzer wei nei Ljouwert ta kaem in hynder mei in sjeas oan. Japik Ingberts frege of er mei ride mocht. "Né", sei de man yn 'e sjeas. Doe roan Japik Ingberts njonken de sjeas lâns en foar 't hynder lâns en sa roan er hyltyd mar yn 'e wei. Dat de man yn 'e sjeas rekke deaforlegen en sei: "Alla, jo matte mar mei ride."
nl.verhalenbank.18202
As de minsken by de Skilige Piip midden op 'e dyk rieden, dan waerden se fan 'e dyk ôfsmiten. Rieden se oan 'e kant, dan gebeurde der neat.
nl.verhalenbank.30954
Vroeger en dat is waar gebeurd, werden de mensen van de weg getrokken, met paard en wagen, door een geest. D'r reed een boer over de Kamperdijk van Benschop naar IJsselstein. Die wier met paard en wagen in het water getrokken. Door die geest!
nl.verhalenbank.50905
To Nijlamer wienen it froeger allegearre petgatten en wiken. Syberen Hofstra hearde dêr op in kear de weinen oer de diken (= wegen) riden. Letter is de hiele saek der ûntgonnen. Doe rieden de weinen dêr lâns. Dat hie er fantofoaren al heard.
nl.verhalenbank.28266
Toun wie in Duutsland woonden heb ik wat anders mitmoakt. Ik ree op n fietse over n vlakke weg. Inains goa k omhoog de lucht in, nait zo'n groot ende, moar k vuilde t toch dudelk. Toun sluig k ondersteboovn teegn de vlakte, gelukkig op de weg, anders was k in de sloot terechte komen en verzoopn. Is mie netuurlijk wat teegn komen; woarschienlijk n...
nl.verhalenbank.43177
It gebeurde froeger wol faek dat de koaning hjir lâns ried. Hy ried de Mûzegroppewei lâns en dan gong it op Feankleaster ta. Hy jage hurd. Syn/De reed woarde op 't lêst in goate, sa bot spatte it sân en de modder oan kant. Dat sân foarme op it lêst hiele hichten en sa binne de Bulten yn 'e Harkema ûntstien.
nl.verhalenbank.32956
Hjir stiet in boereplaets, net sa fier fan 'e rykswei fan Ljouwert nei Grins ôf. Dy plaets is krekt set op 'e âlde ryksstrjitwei, dy't Napoleon yndertiid oanlein hat. De minsken dy't dêr yn dy plaets wenje, hearre noch hyltyd it trappeljen fan 'e hynders en it riden fan 'e weinen oer dy âld wei. Allinne nachts hearre se dat.
nl.verhalenbank.23127
Lykstaasjes In âldomke fan my, Knilles Veenstra, sjoech ek foar. Se wienen oan 't greiddollen en doe sei er tsjin ien fan 'e oare mannen: 'Wy moatte even opsjen, want der giet in Iyk de wei del en dêr bistû ek by, en dyn sweager is der ek by. En it kaam ek sa út, in pear dagen letter wie dat al sa. Dizze âldomke hat ek in skoftsje by myn beppe, dat wie...
nl.verhalenbank.12968
Naast ons op de Panoven daar woonde een heks. Mijntje Hol heette ze van d'r eige maar ze noemde ze de Kippetrim. Dat was een heks want verscheie paard en wages reje daar van de weg af.
nl.verhalenbank.70644
Alde Keke hie in broer, dat wie Foppe-om. Dy wie tige sterk. Hy fuormanne hwat. Op in kear siet syn skoanheit by him op 'e wein. Doe leinen der rails op 'e wei dy woegen 600 poun. Dêr moest Foppe-om mei de wein lâns. Foppe-om hâldde stil. Hy koe der sa net lâns mei de wein. "Dy matte der wei", sei er. Syn skoanheit sei: "Mat ik dy net even helpe, jonge?"...
nl.verhalenbank.36349
De wei oer de heide wie froeger in reed; de Jelke van der Meer-wei hyt er nou. Guon minsken ha dy wei fan tofoaren dêr al sjoen. Sa ek de trambaen, dy ha guon ek fan tofoaren sjoen.
nl.verhalenbank.32063
Dêr't nou de betonwei is yn 'e Harkema hienen jy froeger in sânwei. Us pake en dy wennen dêr oan dy sânwei. It wie sahwat yn 1850, doe kaem dêr by pake en dy in Eastemarder mei de wein. De wein hie er op it sânpaed stean. Doe't er dêr in skoftsje by pake yn 'e hûs sitten hie, sei er: "Heden, hwat is dat dêr in gerattel op 'e sânwei. Krekt as giet der in...
nl.verhalenbank.31541
Jierren herwaerts - ik wie doe noch mar in jonkje, - doe wenne der op 'e Hoek ûnder Feanwâlden in âld-minske, dat sei: "Der komme aenst weinen to riden sûnder hynders der foar. Ik ha se riden sjoen. En de wei, dêr't se op ride, dy komt troch 't Bûtenfjild to rinnen." 't Is presys sa útkaem.
nl.verhalenbank.38435
Men moest vroeger ooit de onvoorzichtigheid begaan een hengstenspoor te volgen. Een hengstenspoor was de weg die het paard liep. Als men een hengstenspoor volgde, kon het gebeuren dat men plotseling door een wit paard opzij geslingerd werd. Een lid van de gilde van St. Jan te Oerle reed eens op weg naar huis door zo’n hengstenspoor. Hij heeft het geweten:...
nl.verhalenbank.49804
Guon wurde mei de helm geboaren. Dy sjogge de lykstaesjes foarút. Ik haw sa'n ien noait kend. "Sy matte it bislist sjen", sizze se. Us mem sei altyd: "Rin by nacht noait midden op in paed."
nl.verhalenbank.35930
In Haaren gingen ze altijd naar Oisterwijk en dan gingen ze met de kar gingen ze aardappelen wegbrengen. En toen waren ze zowat halverwege de weg, de weg die was toen vruuger nog niet net’s nou, dat was eenmaal een karreweg za’k maar zeggen van ’t zand allemaal. War niet net as eh, nog niet geen stenen. En toen waren ze halfweg en toen, toen konden ze...
nl.verhalenbank.69679
35