Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
25 datasets found
Dutch Keywords: rijden spokerij
As der yn de Ham ien goed siik wie, dan moest er nei 't sikenhûs yn Ljouwert brocht wurde. Tseard de Vries fan Droegeham hie in omnibus, dy brocht sa'n siken dan nei 't sikenhûs ta. Mar in pear dagen letter dan kom sa'n siken-ien meastal to forstjerren. Dan moest it lyk der wer wei helle wurde. Dat wie Tseard syn wurk ek, mar dan moest er in help út 'e...
nl.verhalenbank.20364
Achter yn 'e Twizeler Mieden is it faker as ien kear gebeurd dat der in bernewein oanriden kom, sûnder dat der ien wie dy't him skoude. Hy is Knjillis Sytses twa kear tomjitte kom, fortelde er.
nl.verhalenbank.22758
As de minsken by de Skilige Piip midden op 'e dyk rieden, dan waerden se fan 'e dyk ôfsmiten. Rieden se oan 'e kant, dan gebeurde der neat.
nl.verhalenbank.30954
Vroeger en dat is waar gebeurd, werden de mensen van de weg getrokken, met paard en wagen, door een geest. D'r reed een boer over de Kamperdijk van Benschop naar IJsselstein. Die wier met paard en wagen in het water getrokken. Door die geest!
nl.verhalenbank.50905
Surinamers vertellen elkaar graag jorka tories, wat spookverhalen betekent. Op het forum van Mamjo worden veel van dit soort verhalen (vooral anoniem) gepost. Uiteraard spelen veel verhalen zich in Suriname af. Maar de Surinamers die in Nederland wonen maken ook veel onverklaarbare, bovennatuurlijke zaken mee. Hieronder een (ter bevoordering van de...
nl.verhalenbank.49922
Dy't by de spoarbrêge tusken Kûkherne en de Westerein jouns siet to fiskjen, dy hearde nachts om tolwe ûre hwat oer de brêge kommen. Dat wie poemp-poemp-poemp-poemp. Jy koenen in skaed sjen, mear net. 't Gebeurde alle jounen om deselde tiid.
nl.verhalenbank.24571
Durk Pultrum hat kastlein west yn Houtigehage. Letter wenne hy dêr net mear. Doe sei er us in kear: "As ik hjir wei brocht wurd, dan wol ik hjir noch even oan om in slokje." Doe't er dea wie en dêr lâns riden woarde nei 't tsjerkhôf ta, doe bleau it hynder stean. En doe't de koetsier it opjage, bigoun it to steigerjen.
nl.verhalenbank.22936
Der binne bipaalde spookskuorren yn Grinslân. Ik ha wol ien kend, dêr gongen de doarren altyd fansels iepen en dêr rollen de weinen samar op 'e telle hinne en wer.
nl.verhalenbank.27876
Yn 'e omkriten fan Nyegea moat in brêge west ha, dêr doogde it net. It wie gefaerlik dêr oerhinne to riden. Dêr is hiel faek in ûngelok gebeurd. Soms wie 't, as der in wein oerhinne ried, dat de fjilden samar oer de leuning fan 'e brêge hinne gongen.
nl.verhalenbank.11493
Wy wennen yn 'e Harkema. Ik arbeide op 'e plaets fan Gosse van Dam op it Wytfean, en myn broer Sjirk wie dêr njonken arbeider, by Bouwe van der Meulen. Alle moarnen bitiid fytsten wy nei 't Wytfean ta, mar wy wienen hast noait by elkoar. Op in moarn bitiid wie der ien foar my op. Dat gebeurde sahwat op it plak, dêr't nou de Fablo-fabryk stiet. Ik fytste...
nl.verhalenbank.33168
Oan 'e Sawnhústerwei ûnder Kollum, de kant út nei de Pomp, dêr wie in plak, as jy dêr op 'e joun of yn 'e nacht lâns kommen, dan woarden jy fan 'e fyts skuord en fuortsmiten. It gebeurde altyd op itselde plak.
nl.verhalenbank.19389
By de Skilige Piip spokke it. Dêr hat froeger in slot stien. Op 'e bijtunen, dêr spûke in âlde mynhear om. Tichteby lei in heech stik lân, dat wie sânnich. Dy âlde mynhear hie in protte jild en dat jild woe er kwyt. Doe bidobbe er it dêr tichte by de Boppewei, foar de glêzen fan 'e stjelp oan 'e Spûkloane. Doe't dy âlde mynhear 't jild goed en wol yn 'e...
nl.verhalenbank.30531
Oan 'e Hearrewei, op it eintsje tusken bakker Welling en Nyegeasterhoek, dêr brânde nachts in great fjûr, en dêr sieten in man of trije omhinne. Dat wienen advokaten, dy spoeken dêr. Doe binne se dêr us mei in doomny hinne gong. dy hat dy trije spoeken oansprutsen en doe ha se de trije advokaten mei hynder en wein dêr weiriden. De hynders switten sa bot...
nl.verhalenbank.22901
Feitse hie ek in hiel bysûndere fyts. Dêr siet leven yn. "Net ien koe dêr op ride as ik", sei er. "Us Jehannes (syn broer) hie 'k al warskôge: tink der om, brûk myn fyts net! Mar hy bisocht it dochs in kear op myn fyts to riden. Jehannes sei, 't soe al raer wêze as hy dy fyts net biride koe. Dat Jehannes op 'e fyts en de fyts bigjint to steigerjen en smyt...
nl.verhalenbank.31957
Kar vastgezet D'r was hier 'ne ker, die kos honderd meter gaon en dan stond ie vaast. Dan ginge ze waachte in 'n café en as ze dan mar efkes gewaacht han kosse ze wir deur. Die kèr wier deur de geeste vastgezet as ze daor kwaome. Dan kosse ze wir honderd meter.
nl.verhalenbank.41490
Ik ha ris in fyts riden sjoen sûnder minske der op.
nl.verhalenbank.24437
By de nije brêge yn 'e Harkema fytste in man, dy woardde dêr altyd beet hâlden, en dochs wie der neat to sjen. It wie in ûnsichtber spoek.
nl.verhalenbank.17539
It sizzen is altyd dat der yn 'e Harkema oer de dunen in gouden wein hinne gien is, lyk op it Knjillisdjip yn. Dy gong oer alle hichten en folge in sânbank, dy't oan 't Knjillisdjip ta rint. Dy gouden wein passearde de Skieppedrifte en de Hamster-ikkers.
nl.verhalenbank.20356
Yn Noardermar wennet Goaitsen de Vries. Op dy syn buorkerij wie 't froeger net plús. Dêr ried nachts de wein samar út himsels troch de skuorre, sûnder hynder der foar. De minsken doarsten dêr nachts net troch de skuorre hinne.
nl.verhalenbank.38135
Us mem tsjinne, doe't se noch net troud wie, as boerefaem by Jan Jelkes yn Garyp. "Wy ha 't faek hawn," sei se, "dan hearden wy de wein mei hea oer de telle roljen yn 'e nacht, en dochs wie dat net it gefal." De oare deis gebeurde dat echt.
nl.verhalenbank.31502
35