Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: rijden kant
Op in oare kear soe Hantsje fan 'e pleats ride mei hynder en seas troch it lån fan Rein Klazes Hettinga, in âlde boer. Rein Klazes woe hem de reed forbiede. Hy gong op de sletten hikke hingjen. En hy woech der nochal yn! Hantsje stapte út, naem de hikke mei de boer der oan op en sette him oan de kant. Doe wer op seas en fuort.
nl.verhalenbank.50536
Op in kear doe hie ik nei tsjerke ta west, yn 'e Koaten. Ik wie op 'e fyts. Der fytste ek ien njonken my. Doe sei dyselde tsjin my: "Hwat fytse jo hurd." "Ja", sei 'k. Even letter fytste ik wer gewoan. Ik sei: "Hjir komt fan 'e wike in lykstaesje lâns. Hjir stjert ien. Ik seach de lykstaesje oankommen. Ik woe earder de hoeke om wêze." 't Kom krekt sa út.
nl.verhalenbank.21443
Ek us in kear doe kom heit mei in foer hea út 'e mieden wei. Doe briek der ûnderweis in as. Doe hat heit ûnder 't riden dy as hyltyd fêsthâlden en de wein oan ien kant tild, krekt salang oan't er by de smid wie.
nl.verhalenbank.19445
Yn 'e Boelensloane wienen nochal hwat lju dy't froeger in hounekarre hienen, mei twa hounen der foar. Dat wie ek it gefal mei Jan Taekema en in sikere Van der Heide. Dy beiden handelen yn lytsfé, lyk as kninen en hinnen ensa. Se kochten yn Ljouwert ek wolris in karfol skieppekoppen, dy sutelen se dan yn 'e heide wer út foar in dûbeltsje it stik. Dy...
nl.verhalenbank.37913
Ds. Koelstra hat hjir op 'e heide stien. Dy fortelde ús ris, op in plak, hjir net fier wei, dêr stienen ris guon oan 'e kant fan 'e feart. Doe hearden se in stem út it wetter wei: "De tiid is om en de man is der net." Fuort dêrnei wie der in sjeas oanriden kaem. Dy wie net oer de brêge hinne riden, mar pardoes op 'e feart yn. De man yn 'e sjeas is dêr...
nl.verhalenbank.38636
Men mat nachts noait midden op 't paed ride, hwant dan kin men wol us oan kant set wurde.
nl.verhalenbank.23060
35