Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
73 datasets found
Dutch Keywords: rijden horen
Myn swager syn heit is nou sahwat in fjirtich jier dea. Hy fortelde, hy hie us op in nacht om in ûre of alve ûnderweis west mei de wein. Hy ried op Grinzer Pein yn, dêr't er wenne. Hy wie op 'e Noardwikumerheide, yn 'e buert fan Noardwyk en Mearum. Dêr hearde er hwat sûzjen. Hy draeide him om op 'e wein en hy seach achter him. Mar der wie neat to sjen....
nl.verhalenbank.25552
Die zelfde man vertelde mij, hoe men te weten is gekomen, dat N.N. een kol was. Toen ze alle nachten op de paarden van C.H. reed, die op de nu gesloopte oude boerenplaats gewoond heeft, gingen wij op een goeden keer onder het weivat zitten met een kaars bij ons. Toen we hoorden, dat de kol goed aan den gang was, gaven we een trap tegen het weivat; toen...
nl.verhalenbank.9461
Us heit hat ris in forhael heard fan in buorman. Dat wie sa: Der stienen ris guon yn Oerterp oan 'e kant fan it wetter. Doe hearden se in stem út it wetter: "De tijd is er, maar de man is der nog niet." Even letter, doe wie der in glêzen wein oanriden kom, dêr siet in man foar yn. Dy man wie pardoes yn 'e feart riden en fordronken.
nl.verhalenbank.34516
Op in nacht hearde ik dúdlik in kroade by ús yn 't achterhûs, dy ried nei de wei ta. Ik sei tsjin Klaes: "Hark, dêr rydt in kroade de wei del. Dy komt by ús út it achterhûs. Dy kin ús turf wolris meinimme." Klaes der ôf en sjen. Hy hie 't gewear klear. Mar der wie neat to sjen. It hie Jehannes syn wurk wer west.
nl.verhalenbank.38272
Ergens kaem der in man oanriden op redens. Doe hearden guon in stim út in wek wei: De tijd is verschenen, de man is er niet. Doe ried dyselde dy't dêr op redens oankaem it wek yn en fordronk.
nl.verhalenbank.31496
Edze-om wie mem har jongste broer, dy is yn Limburch forstoarn. Dy hearde fan tofoaren al de lûden fan 'e auto's en de fleanmesines. Ek seach er ljochtsjes fan 'e tram. Dat is allegear neikom.
nl.verhalenbank.32821
Hjir wenje noch wol lju, dy't de lûden fan 'e tram heard ha foardat dy der noch wie.
nl.verhalenbank.32438
To Nijlamer wienen it froeger allegearre petgatten en wiken. Syberen Hofstra hearde dêr op in kear de weinen oer de diken (= wegen) riden. Letter is de hiele saek der ûntgonnen. Doe rieden de weinen dêr lâns. Dat hie er fantofoaren al heard.
nl.verhalenbank.28266
Wy ha yn Gariperheide wenne. Doe't de tram der noch net wie, hearde ús mem de lûden al. Sy hearde him oer de rails hinnegean.
nl.verhalenbank.22788
Noch foardat de tram fan Grins nei Drachten der wie, ha gâns minsken by joun de ljochten al sjoen en guon hearden him ek wol oankommen yn de Pein.
nl.verhalenbank.32015
Us heit wenne froeger oan 'e Hearrewei ûnder Sumar. Faek hat er forteld dat se soms achter hûs lûden hearden; it wie krekt dat der izer oer izer hinne glied. Al gau dêrnei is de tram dêr kom. Dat ha de lûden doe west fan 'e tram dy't oer de rails glied.
nl.verhalenbank.33848
Voordat de trein tussen Leeuwarden en Groningen er was hebben ze op Westerzand (bij Gaarkeuken) hem al horen rijden.
nl.verhalenbank.31250
Us buorfrou sei us tsjin my: "Hearst it wol, Antsje, hoe'n gerattel as der yn 'e loft is? Soe men der net binaud fan wurde? Hwat is dat nou?" Hwant der wie neat to sjen. Letter is de tram dêr kom.
nl.verhalenbank.21903
Hjir stiet in boereplaets, net sa fier fan 'e rykswei fan Ljouwert nei Grins ôf. Dy plaets is krekt set op 'e âlde ryksstrjitwei, dy't Napoleon yndertiid oanlein hat. De minsken dy't dêr yn dy plaets wenje, hearre noch hyltyd it trappeljen fan 'e hynders en it riden fan 'e weinen oer dy âld wei. Allinne nachts hearre se dat.
nl.verhalenbank.23127
Yn Sânbulten hearden de minsken al fier fan tofoaren de trein oer de rails hinne gliden, doe't der noch gjin sprake fan in trein wie.
nl.verhalenbank.29634
Op 'e Sumarreheide hearden se, foar dat de tram dêr kaem, de lûden al dy't er makke. En sy seagen jouns hwat foarbytuffen dat der útseach as in bargehok, fjouwerkant mei twa gleone ljochten der foar. Dat wie de lettere tram.
nl.verhalenbank.31641
Guon hearden de trein fan Ljouwert nei Grins fier fan to foaren al, foardat der noch sprake wie fan in trein, al to Sânbulten riden. Dat wie foartjirmerij.
nl.verhalenbank.32663
Skoanmem hat faek sein dat se de tram fan Drachten fier fan tofoaren al heard hie en in bulte oare minsken ek.
nl.verhalenbank.31418
Tusken Grypskerk en Visvliet mat in greate poel wêze. Guon ha us út dy poel in stem weikommen heard: "De tijd is der wel. de man is der niet." Even letter kom der in man op in hynder oan riden en dy is dêr fordronken.
nl.verhalenbank.20893
Yn Twizelerheide hearde ien de trein lâns kommen. Hja hearde him riden op 'e rails. Der wie doe noch gjin sprake fan in trein. Jierren letter kaem der pas in spoarwei.
nl.verhalenbank.30854
35