Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: rennen nacht Place of Narration: Drachten
Der binne guon, dy wurde mei de helm geboaren. Dy matte lykstaesjes fan tofoaren sjen. Sa'n man ha 'k ek kend to Boarnburgum. Dat wie Hindrik Wybenga. Dy moest der nou en dan nachts út. Dan seach er alle minsken dy't achter 't lyk oan roannen. Dy koed er meast allegear wol en dan wist er meastal èk wol hwa't der stjerre soe. As de lykstaesje der oan kaem...
nl.verhalenbank.36704
Oan 'e Noarderdwarsfeart wenne in man, dy wie mei de helm geboaren. Dy moest der út as der in lykstaesje to sjen wie by nacht. Die er it net dan lei er to triljen. Hy roan soms hiele einen de mieden yn. Hy woarde dreaun.
nl.verhalenbank.36923
Yn Beets stie in boerepleats, dy hearde oan in sekere Tolsma. Jan, de soan fan Tolsma kaem op in nacht thús. Hy hie der op út west. Doe seach er fan fierrens al dat de pleats yn 'e brân stie. Hy is fan 'e strjitwei it lân delroun, sa hurd er mar koe om thús to kommen. Doe't er thús wie wie dêr gjin brân. Mar itselde jiers om krysttiid hinne brânde it spul...
nl.verhalenbank.36698
Der waerd ús altyd foar warskôge noait midden op 'e wei to rinnen by nacht fanwege lykstaesjes.
nl.verhalenbank.36707
Ik tsjinne yn Gaaikemaweer. 't Leit yn Grinslân, achter Niehove. Ik wenne doe by myn skoanâlden yn. Skoanheit en ik wienen arbeider by deselde boer en syn dochter wie dêr faem. It arbeidershúske dêr't wy yn wennen stie in twintich menuten geans fan 'e plaets ôf. Skoanheit krige wurden mei de boer (Tilma) en rekke lulk fuort. Doe makke ik my ek lulk, hwant...
nl.verhalenbank.19849
To Aldegea mat nachts in fôlle mei in brijpot rinne.
nl.verhalenbank.37134
Doe't ik ûnder tsjinst wie hienen wy in korporael, dy kaem út 'e Achterhoek. Dy fortelde, der wienen by har wjerwolven. Dy krigen elkoar yn 'e nacht by de hân beet en roannen sa meielkoarren troch de roggefjilden. Dan lei de oare moarns alles plat. In wjerwolf is in kweaden, dy't de boel fornielt. 't Is in trawant fan 'e duvel.
nl.verhalenbank.36708
Froeger hearde ik faek forhalen fan minsken dy't by nacht midden op 'e wei roannen. Dy wienen foar by de lykwein opflein en der achter wer by del knoffele. Wy waerden altyd warskôge: Tink der om, rin by nacht noait midden op 'e wei. Ik rin nòch altyd oan kant.
nl.verhalenbank.36913
35