Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: raam Place of Narration: Harkema
It wie yn 'e oarloch. Ik siet yn Frankryk. Doe seach ik op in nacht presys hwat der by ús thús gebeurde. Ik lei op bêd. De oare wyks rekke ik nei hûs ta, nei de Harkema. It earste hwat ik seach, dat wie it nije rútsje, dat yn it sydglês fan 't hûs siet. Ik sei: Dat haw ik yn 'e nacht yn Frankryk sjoen. Ik ha sjoen hwa't it rút ynsmiten hat en ek hwer't er...
nl.verhalenbank.33284
Alde Bartele Vries fan 'e Hamster Pein koe soldaetsjes ta de hurddobbe út komme litte. Dan bigongen se moai to marsjearen troch de keamer hinne. Hy liet de hynders yn 'e stâl dânsje. Ik wie sa'n jonge, doe't er dat die. Op 't Bomkleaster leit er op 't hôf. Hy hat in glês yn 'e kiste. Dat hie doe noch net in minske. Hy leit mei 't gesicht nei de plaets ta,...
nl.verhalenbank.33092
Tiense Boomsma fan 'e Houtigehage seach nachts altyd lykstaesjes. Sokken wienen der trouwens ek wol yn Boelensloane. Tiense is nou al fiif en fjirtich jier dea. Nachts gong hy út bêd wei. Dan gong er oan 't glês ta en dan die er 't gordyn iepen. Hy fortelde, dan kom der in lykstaesje oan, altyd út it westen wei, hjir oan ta, sei er - hy wenne oan 'e...
nl.verhalenbank.25550
Ik wie yn in barak. It wie let. Ik seach troch 't finster, doe woarde ik in keppeltsje folk gewaer. 't Wie in bigangel. 't Wie bigraffenisfolk, mar der wie net in lyk by. Hja gongen nei 't âlde tsjerkhôf fan Hamsterheide. Dy nachts is âlde Gradus forstoarn. Doe't dy biierdige woarde wie de sitewaesje krekt sa.
nl.verhalenbank.17469
As in fûgeltsje tsjin 't glês oan hipte, kom der in deaden, of der gebeurde in ûngelok. As de eksters skatteren ek. As de kleasterklok deadsk lette of as de regenkleden wapperen, dan wie der gau in deaden yn 'e buert. As hja yn in lykstaesje net goed achterinoar oan roannen kom der ek gau wer in deaden. As it wicht fan 'e klok foel ek.
nl.verhalenbank.21294
Ot har man, dat wie Hindrik Pyk ( = H. Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster en hy hie de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy bearde us in kear, dat er nei de froulju ta soe. Mar hy gong nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom. Sa binaud wied er, hy moest it gesicht op har hâlde. Hy is der...
nl.verhalenbank.21387
Myn âlde omke Lammert, doe't dat noch in jonge wie fan sa'n jier of fjirtsjin, gong er wol us nei âlde Ot ta. Op in kear, doe hie Ot him hwat jown. Doe't er thús wie, krige er in ôfgryslike pine. Doe sei beppe: "Der kom nyskes ek hwat oanroljen." Doe't omke Lammert dat hearde, hied er hyltyd it eech op it iene glês. Pake gong der út. Hy sei: "De earste...
nl.verhalenbank.21386
Der wie us in man yn 'e Hamsterheide by moai ljochtmoannewaer oan 't murdejeijen. 't Wie tige let yn 'e nacht. Hy seach, dat der noch ljocht brânde yn in hûs. Heden, tocht er, dêr binne grif jounpraters. Hy kom tichterby. Doe seach er dêr foar de glêzen in pear froulju stean. Dy steane dêr to harkjen, tocht er. Dy sil ik aenst it leksum us oplêze. Mar...
nl.verhalenbank.15786
Pake Jan (Jan Spoelstra) smarde duveldrek ûnder 'e finsterbanken. Hy wie âld-feint. Dêr kaem nachts altyd in tsjoenster by him foar 't glês. Mar sûnt er dy duveldrek dêr brocht hie, net wer.
nl.verhalenbank.17397
Bôkke Noordman wie in hiele raren ien. Hy flokte en swearde en sûpte hiel bot. Hy kom us fan Feanster merke. Hy hie dêr net in faem krije kind en hy woe dòch ien ha. "Ik wòl in faem ha," sei er, "al mat ik mei in ezel yn 'e hûs sitte." Doe stapte der him samar in ezel op side. Doe woarde Bôkke sa binaud, dat hy kloppe âlde Willem Hofstede fan bêd. Hy...
nl.verhalenbank.21235
Ot har man dat wie Hindrik Pyk (= Hindrik Ophuis). Dat wie ek in tsjoenster. En hy hie ek noch de kweade hân. Wy hienen in omke, dat wie Japik-om. Dy hearde us in kear, dat hy soe nei de froulju ta. Mar dat died er net. Hy gong stikum nei de doar fan Hindrik en Ot. Mar hwat er dêr sjoen hat! Hy is achterstofoar fan 't hiem kom! Sa binaud hat er west. Hy...
nl.verhalenbank.21567
By de lytse Wei yn 't Leech yn Droegeham wenne Harm Schievink. Dy hie us op in nacht to murdejeijen west. Hy gong wer op hûs yn. Doe't er op 'e Lytse Wei wie, kom der in dikke swarte houn njonken him to rinnen, deun tsjin him oan. Dy bleau mar njonken him en dy bleau mar njonken him. Doe't er thúskom en ta de doar yn woe siet dy houn der foar op 'e...
nl.verhalenbank.26236
Ik wie allinne thús. Myn man wie al dea. 't Wie sahwat tolve ûre yn 'e nacht. Ik lei op bêd. 'k Hie al even slept. Doe kloppe der ien in pear kear op 't glês. Ik gong der hinne, mar der wie net ien to sjen. In dei of hwat letter woarde der wer kloppe op deselde tiid. Doe wie der wòl ien. 't Wie in dronken keardel. 't Wie tjirmerije.
nl.verhalenbank.22034
35