Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: raam kist
Der wie in frou, dy hie in gouden skonk. Hja sei: "As ik der us ôf kom to reitsjen, dan wol ik dy skonk by my hâlde. Dan meije jimme dy der net ôfhelje." Dat biloofden se har, mar doe't hja stoar, hâldde de man him net oan syn wurd. Hy nom de skonk der àl ôf en it minske kom sûnder gouden skonk yn it graef. Doe't se ien dei op 't tsjerkhôf lein hie, kom...
nl.verhalenbank.23719
Froeger wenne der yn 'e Westerein yn Garyp, yn it hûs dêr't Taeke Wagenaar wenne hat, in man, dy wie mei de helm geboaren. Der woarde soms by him op it rút kloppe. Dan gong dy man der út en hy frege ek net hwat it wie. Even letter kom er wer yn 'e hûs. Dan sei er: "Wy krije binnenkoart ek wer in deaden yn Garyp." "O ja?" sei syn wiif. "Ja," sei er, "ik...
nl.verhalenbank.21091
Marten Spiekstra fan Burgum fortelde my ris it folgjende: Der siet in famke foar 't rút. It sil yn Burgum of omkriten west ha. "Heit," sei se, "der komme swarte mannen oan en dy wolle hjir in kiste troch 't rút triuwe." Mar de heit seach neat. In wike of hwat letter stoar der ien yn dat hûs. Der moest in kiste brocht wurde, mar dy koe net troch de doar....
nl.verhalenbank.37745
Mien moeke vertelde es n moal en zai leufde dat ook en as kind muik ik mie door benauwd veur: “Ik kwam op n nacht bie t scheepswaarf langs en heurde toun bie dat huus van Sennemoa klopperij. En toun ik goud toukeek, zag k ook n hail riege volk mit hoge houden op veur t huus stoan. Dat was ja roar, want t kon ja hoast nait midden in nacht.” Moar kiek, n...
nl.verhalenbank.44583
Us Boardzer kaem op in nacht thús, doe stienen de finsters by ús opskoud en de gerdinen wapperen nei bûten ta. Doe't hy der yn kaem, seach er yn in hoeke fan 'e keamer syn jongste broerke yn in deakistje lizzen. Dat wie allegear foartsjirmerije. Mar it bern wie doe al siik. Gauachtich dêrnei is it stoarn. Boardzer hie it net tsjin ús mem sein omt er har...
nl.verhalenbank.17722
Ik haw ris fortellen heard dat der ris ien dy't stoarn wie, yn 'e kiste in regenkleed oan krigen hie dat to lang wie. Letter kom er foar de glêzen fan syn sibben to spûkjen en dan sei er mei in raer lûd: To lang... to lang... Itselde haw ik ek ris heard oer ien dy't in to koart regenkleed meikrige hie. Dy kaem ek wer en sei: To koart... to koart...
nl.verhalenbank.38114
Us Gjetsje is stoarn oan 'e Spaense gryp yn novimber 1918. Us mem hat alles in wike of seis fan tofoaren sjoen. Mem sei doe: "Hwat mat dy lykwein hjir op 't hiem?" Der wie doe hielendal net in lykwein. Hja hearde de wein draeijen en piipjen. De kiste stompte tsjin 'e doar oan en kraste tsjin 't kezyn. Letter is 't krekt sa gebeurd. De kiste stompte tsjin...
nl.verhalenbank.29555
Op 'e Tike wie 't froeger allegear foartsjirmerije. Sa seach ien op in nacht, dat der in deakiste troch 't finster skoud woarde. In deimannich letter gebeurde dat èk. De kiste hie net troch de doar kind.
nl.verhalenbank.21185
In swarte kat is faek in tsjoenster. 't Is ek wol us de duvel sels. Myn wiif har pake, dat wie Hindrik Swart. Mar sy neamden him allegear Hindrik Skutter. 't Wie in hiele raren-ien. De kweade wie syn maet. Hy siet op syn manier yn 'e bibel to lêzen, mar dan song er dêr wylst allegear rare ûnfatsoenlike strjitferskes by. Dy stienen dêr yn, sei er. En dan...
nl.verhalenbank.21219
Rinse Hamstra seach us in kear, dat se yn Droegeham in deakiste net troch de doar krije koenen. Doe skouden se in finster omheech en dêr woarde de kiste troch skoud. Doe woarde de kiste op 'e wein set en hy seach it folk der achteroan. De froulju hienen regenkleden om. Sa gong de staesje toch de buorren. 't Wie jountiid. Yn datselde hûs forstoar in...
nl.verhalenbank.19568
Ik wie in famke fan in jier of tsien. Ik hie in bruorke, dat wie doe trije en in healjier âld. Foeke hiet er. Ik droomde op in nacht dat Foeke wie dea. Hy lei yn 't kistje, dat stie foar 't finster. Beppe wie der ek en dy hie mem by de hân. Ik gûlde yn 'e sliep. Doe kom mem fan 't bêd ôf en sei: "Hiltsje, hwat mankeart dy nou? Hwerom droomstû sa?" Ik sei...
nl.verhalenbank.27461
Woar gebeurd. Was n keer n grenskemies bie sin in de kost. Op n nacht komt e in huus; deurn binnen dichte en doorom schoft hai roam omhoog en krop dr deur. Hai schrikt, want hai stapt boven op n liekkiste. Hai zugt ain lign, moar kent hom nait. Den pak e n mes en snit n plukje van t hoar van de dode of. Ander dag bie toafel bekikt hai ze allemoal, moar...
nl.verhalenbank.46305
Boardzer Bruining, myn neef, kom us op in joun thús, doe tocht er: Hwat wappert dat by de glêzen. It glês wie omheechskoud en de gerdinen wapperen op 'e wyn. Der hie in deakistje oer de flier stien. Koarte tiid dêrnei stoar syn broerke. It kistje moest ûnder 't finster troch. 't Waeide nochal hwat, de gerdinen wapperen foar 't iepen finster. Alles hie...
nl.verhalenbank.25605
Krist en Pyt wennen yn 'e Feansterheide yn in hiel lyts húske. Op in nacht seagen se dat by har yn 'e foarmuorre it finster mei ramt en al der út wie. Hja seagen it beide klear. En dochs wie 't sa net. Se wienen wekker woarn troch gestomp en geskou. Letter tochten se dêr net mear oer, mar doe kom dêr in sterfgefal. Doe moest de kiste der út. Dy koe de...
nl.verhalenbank.33058
35