Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Der wie ien dy woe mei Sterke Hearke wrakselje. Mar hy koe Hearke net. Doe't er yn Droegeham kom seach er in man, dy wie op 't lân oan 't ploegjen.
"Wytst' ek hwer't Hearke wennet?" frege er.
Doe sei dyselde: "Dêr wennet er." En hy tilde de ploege mei sturt en alles omheech en wiisde sa nei syn hûs.
"O," hie dy man sein, "dan wit ik it wol."
Hy wie...
nl.verhalenbank.32924
Der wie ris ien by Sterke Hearke kom wylst dy oan 't ploegjen wie. Hy frege Hearke hwer't dy en dy wenne.
Doe hie Hearke de ploech mei ien hân beetpakt en dêrmei nei syn eigen hûs wiisd. Mei de oare hân hied er op 't boarst slein. "Dêr wennet er," hied er sein, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.36241
Piter Poeske
Ik ha wol ris heard, hoe't er oan syn bynamme kommen is. Dat kaam, seinen ús heit-en-dy, trochdat er altyd by de boeren helle waard, as it net tsjernje woe. Dan liet er him nei de molkenkelder bringe en rûn er om 'e aden hinne. Iderkear stiek er de finger yn 'e rjemme en dan slikke er mar, krekt as in kat. Hoe't er him skreau, wit ik net...
nl.verhalenbank.13014