Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
12 datasets found
Organizations: Meertens Institute Dutch Keywords: ploegen Place of Narration: Opende
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kommen der guon by him, dy fregen him hwer't Hearke wenne. Doe tilde er de ploege op en hy stuts him mei syn iene hân rjochtút en hy wiisde der mei en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23137
Sterke Hearke wenne yn Droegeham. Op in kear kom der ien by him, doe wie er oan 't ploeijen. Dy man frege Hearke hwer't dy en dy wenne. Doe hie Hearke de ploege mei ien hân optild en earst de iene kant útwiisd mei de ploege. Dêr wenne dy, hied er sein, en doe hied er mei de ploege de oare kant útwiisd en sein hwer't de oare wenne.
nl.verhalenbank.26299
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Der kom in man oan. Dy frege: "Hwer wennet Hearke Witteveen?" Doe krige Hearke de ploech en tilde him by de sturt op en wiisde op syn hûs en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.25718
Op in kear wie Hearke oan 't ploeijen. Der kom ien by him. Dy sei: "Wite jo ek hwer't sterke Hearke wennet?" Doe hie Hearke de hynders útspand en de ploege mei de earm foarútstutsen. "Hjir stiet er," hied er sein, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.26001
Sterke Hearke wie ris op in kear oan 't ploeijen. Doe kom der in man by him, dy koe him net. Mar tafallich moest er krekt nei Hearke ta. Hy frege: "Wite jo ek hwer't Sterke Hearke wennet?" Doe sei er: "Dêr ginder wennet er." En doe hied er de ploech rjocht út stutsen. Mar hy sei der achteroan: "En hjir stiet er."
nl.verhalenbank.38008
Daar kwam eens een man bij Sterke Hearke. Die was aan 't ploegen op het land. Die man zei tegen hem: "Hier in de buurt woont zo'n sterke man, daar wou ik wel eens bij zien. Weet u waar hij woont?" Doe had Hearke de ploeg kregen en hem met één hand opgetild en gezeid: "Daar woont er."
nl.verhalenbank.27317
Sterke Hearke is in famyljelid fan my. Der kom us in kear ien yn Droegeham, dy moest Hearke ha. Hearke wie oan 't ploegjen op 't lân. Hy frege Hearke of dy ek wist hwer't er wenne. Hearke stiek de ploech mei syn rjochterhân rjochtút en doe sei er: "Gean dêr mar hinne, dêr wennet er." Doe gong dy oare wer fuort, hwant hy hie mei him wrakselje wold.
nl.verhalenbank.26898
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe bleau der in man by him stean, dy sei, hy moest dêr en dêr wêze. As Hearke him ek oanwize koe hwer't dat wie. Doe sei Hearke: "Sjoch, dêrre. Dêr wennet dy man dy't jo ha matte." Hy krige de ploech yn 'e iene hân en wiisde dêr it plak mei oan.
nl.verhalenbank.38680
Der wie us in mantsje by Sterke Hearke kom, dy woe hwat fan him keepje. Hearke wie oan 't ploeijen. Hy hie 't hynder úthekke en hy hie de ploech beetkrige en him optild. En doe hied er sein: "Dan matte jo dêr en dêr wêze."
nl.verhalenbank.26910
Sterke Hearke wenne yn 'e Rottefalle (onjuist A.A.J.). Der wie in man, dy hie in kou fan Hearke kocht. Dy wie op 'e merk forkocht woarn troch middel fan in koopman. Doe kom dat net út mei de datum fan 't kealjen. Doe tocht de man, dy't dy kou kocht hie: 'k Mat mar even nei Hearke ta om de juste datum fan 't kealjen gewaer to wurden. Doe trof er in man op...
nl.verhalenbank.24126
Sterke Heerke diende bij een boer, die woonde aan de Muntjeweg, dat is van Grotegast deze kant uut. Hij liep altyd op blote voeten, sokken had-ie nooit aan. Ik heb hem gekend. Der kwam eens een bij hem, toen was hij aan 't ploegen. Die man vroeg hem waar die en die woonde. Toen heeft hij de ploeg uit de grond pakt en met één hand stak hij de ploeg recht...
nl.verhalenbank.37991
Daar kwam eens een bij Sterke Herke. Die was aan 't ploegen. Kinstoe mij ook fertellen woar sterke Herke woont?" "Joawel", sei Herke. De ploeg het hij kregen en recht uutstooken. "Dáár woon ik." Ons moeke het der wel van ferteld. Ofgryslike sterk was-ie.
nl.verhalenbank.23972
1