Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: ploeg Place of Narration: Eastermar
Op in kear wie Hearke op it lân oan 't ploeijen. Doe kaem der ien by him, dy frege: "Wite jo hwer't sterke Hearke wennet?" "Jawol," sei Hearke, "sjoch, dêr wennet er." Doe stiek er de ploech foarút en wiisde nei 't hûs. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.37619
Sterke Hearke is bikend om it forhaeltsje fan it ploegjen. Hy wiisde mei de ploege oan, dy't er omheechtilde, hwer't er wenne, doe't ien him dêr nei frege.
nl.verhalenbank.31910
By 't hakjen brûkte er in nije lod, dêr die er hiele djippe spitten mei. Hy hie in ploechje, dat luts er sels. In hynder hie er net. Op in kear wie der ien, dy kaem him tonei. Dat wie lytse Theunis. Doe hied er lytse Theunis op 'e foet krige en him sa oer de hage hinne wipt. (David forsloech Goliath, mar hjir forsloech Goliath David, sei Theunis letter.)
nl.verhalenbank.36600
Der kom ris in man by Sterke Hearke op it lân. Dy wie oan 't ploegjen. Dy frege nei Sterke Hearke. "Hwer wennet er?" sei er. Doe tilde Hearke de ploech mei ien hân op en hy wiisde dêr syn hûs mei oan. "Dêr wennet er," sei er, "en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.28395
Sterke Hearke mat yn Droegeham wenne ha. Der kom ris in kear in man by him. Doe wie Hearke krekt op it lân oan 't ploegjen. Dy man frege him: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe tilde Hearke de ploech op en krige him by de sturt beet. En doe sei er: "Dêr wennet er." Hy wiisde it sté mei de ploech oan. "En hjir stiet er", sei er.
nl.verhalenbank.36027
Sterke Hearke ploege op 'e Dunen yn 'e Harkema. Der kom ien oer 't paed by him lâns. "Hwer sille jo hinne?" frege Hearke. "Ik sil nei sterke Hearke", sei er. Hearke sei: "Doch even geduld." Doe helle er de hyns út, hy krige de ploege fan achteren beet en tilde him op mei ien hân. Mei dy ploege wiisde er nei syn hûs. Hy sei: "Sjoch, dêr wennet er." En doe...
nl.verhalenbank.20596
35