Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
6 datasets found
Dutch Keywords: pikken Place of Narration: Drachten
Alde Tsjerk Wetterrôt en Atse Griper wienen rovers. Sy wennen yn Feansterheide oan 'e Trije Roede. Nachts gongen se der stil op út. Dan stielen se in hynder út it lân. Dêr gongen se op sitten en sa gongen se op roof út. Se stielen in skiep, om mar hwat to neamen, en dat nommen se mei op 't hynder. As se omtrint thús wienen, jagen se 't hynder wer fuort.
nl.verhalenbank.28248
Twa doomnys en in joadske rabbi dy wienen by elkoar to praten. Doe sei de joadske rabbi: "As jimme kollekte hâlde, hwat hâlde jimme dêr sèls fan?" Doe sei de iene doomny: "Dat sil 'k wol earlik sizze. Ik stek der sels tsien persint fan yn 'e bûs." Doe sei de oare doomny: "Ik sil ek earlik sizze hoe't ik dat ha: ik hâld der sels twintich presint fan." Doe...
nl.verhalenbank.28310
De doomny fan Boarnburgum en Koartehimmen (ds. van Es) hâldde der kninen op nei, mar der woarden altomets guon fan stellen. Doe't doomny op in snein-to-moarn ris wer op 'e preekstoel stie, nei't se him dy wyks wèr kninen ûntstellen hienen, sei er: Boeren en burgers van Boornbergum en Kortehemmen, ik zeg niet, dat ge dieven zijt, maar ik raak al mijn...
nl.verhalenbank.33386
Master Duursma fan Aldegea fortelde ús hoe't de doarpen Garyp, Sumar en Burgum oan har namme kom wienen. Yn Aldegea wie in diefstal pleegd, mar de dief naeide út. Doe't er yn in oar doarp oankom wie, rôpen se: "Gryp him! Gryp him!" Sadwaende krige dat doarp de namme fan Garyp. Mar se hienen him noch net to pakken. Hy wie al wer yn in oar doarp. Dêr sieten...
nl.verhalenbank.33368
Der wie in man, dy stiel prûmen by nacht by in oar yn 't hôf. Hy iet se fuortdaliks op. "Dat is al wer ien sûnder stien", sei er, doe iet er foar de twadde kear in slak op.
nl.verhalenbank.33164
Tusken Boksum en Blessum wie in binnenpaed mei allegear houtsjes, dy't oer sleatten leinen. Dêr earne stie ek de plaets fan in sekere boer Miedema. Dy boer stie bikend as in from en rjochtskepen man. Op in kear wie der skoalleforgadering fan 'e Kristlike skoalle yn Boksum. Miedema wie bistjûrslid en wie dêr ek oanwêzich. It woarde nochal let dy jouns...
nl.verhalenbank.33712
35