10 datasets found
Dutch Keywords: pakken Place of Narration: Drachten
Heit fortelde: Omke Gjert fan Sumarreheide wie op in nacht op in paed. Doe seach er in neaken berntsje foar him op rinnen. Hy tocht: - hoe komt dat berntsje hjir, ik mei 't wol gau mei nimme - Mar doe't er dat berntsje pakke soe, doe fleach it yn in dobbe. En 't wie wei.
nl.verhalenbank.33331
Ik wie us op in nacht to murdejeijen op 'e Wide Pet. Ik hie in hiele bêste houn. Doe siet dêr hwat yn in beam, dat sprong der út, doe't wy oan dy beam skodden. De houn wie in monster en foar neat bang. Hy snapte dat ding en sprong der mei yn 't wetter. Dêr hat er wol in healûre mei dat ding fochten. Doe't de houn wer út it wetter wei kom wied er...
nl.verhalenbank.23487
Der wie in dief, dy hie stellen. In hiele bult minsken der achteroan. Sy kommen troch in doarp, dat noch gjin namme hie. "Hokker matte wy pakke?" rôpen dy minsken. "De earste mar!" woarde der weromroppen. Doe krige dat doarp de namme Eastemar. Doe kommen se yn in oar plak, dat èk noch gjin namme hie. Dêr rôpen se: "Sy ha him samar!" Doe krige dat plak de...
nl.verhalenbank.33044
Der kaem ris ien by Sterke Hearke wylst dy oan 't ploeijen wie. Hy frege: "Hwer wennet Sterke Hearke?" Doe krige Hearke de ploege beet yn ien hân. "Sjoch, hjir stiet er," sei er, "en dêr wennet er."
nl.verhalenbank.37805
Heit hie in stik heide kocht, dat wie by de Skieding. Dat hie er mei twa oaren kocht. Der sieten seadden op en mei har trijen wienen se dêr oan 't baggerjen. Us mem en de beide froulju fan 'e oare manlju gongen dêr dan mei har trijen hinne, elk achter in kroade, om turf op to heljen. Dat wie in hiel ein fan hûs en sy namen de bern mei. Dan moesten se by...
nl.verhalenbank.37928
Master Duursma fan Aldegea fortelde ús hoe't de doarpen Garyp, Sumar en Burgum oan har namme kom wienen. Yn Aldegea wie in diefstal pleegd, mar de dief naeide út. Doe't er yn in oar doarp oankom wie, rôpen se: "Gryp him! Gryp him!" Sadwaende krige dat doarp de namme fan Garyp. Mar se hienen him noch net to pakken. Hy wie al wer yn in oar doarp. Dêr sieten...
nl.verhalenbank.33368
Hearke wie ek stille plysjes, Hy moest ris op in kear jild bringe fan Bûtenpost nei Ljouwert ta. Doe't er yn 'e buert fan Burgumerheide wie, kommen der twa manlju ta de wâl út. 't Wienen rovers. Sy seinen: "Je geld of je leven." "Dat kin wol", sei Hearke, en hy naem de ponge mei jild fan 't skouder en sette him op 'e groun del. Doe't de iene him bûgde om...
nl.verhalenbank.27501
Yn 't Hearrenfean hat in man wenne dy hie altyd nuvere oanslaggen. Hy ried ris mei 't reau - in wein mei twa hynders der foar fan 't Hearrenfean nei Meppel. Doe't er troch Staphorst kaem, gyng de tsjerke dêr krekt út. Doe krige er de hynders by de sturten beet en sa fjouweren se troch it doarp. Hy raesde dêrby krekt sa raer en lûd as er mar koe, dat de...
nl.verhalenbank.36784
Der wie in kat, dy pakte in papegaei en dêr naeide er hurd mei út. Doe sei dy papegaei: "It sil my ris binije, hoe't dit útpakt, hwant dit giet der sa hurd fan troch!"
nl.verhalenbank.33388
Alde Barchje-muoi wenne yn in kroech yn Beneden-Haulerwyk. Dy kroech stie hiel ticht oan 'e wei. Doe hie dêr in keardel by harren west, dy makke in freesliken lawaei, dêr hienen se forlegen mei west. Doe kom Ynse der oan. Dy gong dêr sitten om slokje. Mar Ynse krige syn nocht fan dat lawaei fan dy keardel. Dat op in stuit wied er nei him ta gong. Hy hie...
nl.verhalenbank.28247
35