Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
46 datasets found
Dutch Keywords: pad Place of Narration: Harkema
It gebeurde froeger us dat Wytse de Wind bitsjoend rekke. Doe moest er in pod yn 't skelkje ha en dy by him drage, krekt salang oant dy fordroege wie. Alle Tet hie him bitsjoend.
nl.verhalenbank.21132
Trapet men in pod dea dan bigjint it to tongerjen. Dat woe ús mem net heal lije, dat wy dat dienen.
nl.verhalenbank.23916
Alle podden dy't ik seach, krige ik yn 'e tange en dy gongen de kachel yn. Ik ha in hiel soad forbrând. Hwant dat binne allegear tsjoensters.
nl.verhalenbank.12329
Pake en dy krige de molke altyd fan âlde Tamme Syts. Syts wie in tsjoenster. It bern, dat fan 'e molke krige to drinken, woarde siik. Doe gongen se nei Wopke fan Kûkherne, de duvelbander. Wopke sei: "It bern mat gjin molke wer ha." Pake en dy dienen dat en 't bern woarde wer better. Mar Wopke sei ek: "As der joun in pod om 'e doar hinne strúnt, matte...
nl.verhalenbank.12328
In tsjoenster hie de macht har to foroarjen yn in swarte kat. Hwat men fan har krijt om op to iten kin soms yn in pod foroarje. It mat ris gebeurd wêze dat ien in apel fan in tsjoenster krige. Dêr die er in hap út en dat spuide er út. Doe biwarre er dy apel yn in kop. Doe wie letter dy apel foroare yn in pod, mar dy pod hie in gebrek. Dat kom, trochdat...
nl.verhalenbank.33290
Us heit hie us in kear nei Kromelle west yn 'e Hamster Pein. Dêr hied er in pear buorrels dronken. Hy roan de skeanpaden del, doe kom der him in hountsje op 'e side, dat mei gjin mooglikheit by him wei to krijen wie. 't Wie in pleachbeest. Heit is fan binaudens in hûske yn gien, dêr't er dy nachts bleaun is.
nl.verhalenbank.21322
Wy mochten as bern net op in pod traepje, hwant dan bigoun it to tongerjen.
nl.verhalenbank.25756
Trapen se froeger op in pod, dan bigong it to tongerjen, seinen se.
nl.verhalenbank.25781
Trapet ien op in pod, dan bigjint it to tongerjen. Krijt ien in apel fan in tsjoenster, dan foroaret dy yn in pod. As ien hwat fan in tsjoenster opiet, dan woarde er siik.
nl.verhalenbank.25554
Der siet op it Jachtfjild yn 'e kroech ien dy stie nergens foar. Hy wie noait bang. Hy wie tige oan 't opskeppen en sei: "Ik sil de duvel smite as in pod." Mar doe't er bûten kom, smiet de duvel hìm. Hy kom yn 'e Langewyk tolânne. Syn maten ha noait ien sjoen.
nl.verhalenbank.21929
Trape men op in pod dan krige men swier waer.
nl.verhalenbank.29345
Wy mochten froeger net hwat oannimme fan âlde Antsje Pod. Hwant krige men in apel fan har en men lei dy yn 'e dôfpot, dan foroare dy apel yn in pod.
nl.verhalenbank.29344
Men mat noait op in pod traepje, hwant dan bigjint it to tongerjen, sizze se. Trapet men op in slak, dan tongert it ek. Ek as men op in tongerblomke trapet.
nl.verhalenbank.21145
Der wie in dûmny, dy moest by in frou komme. Dy frou gong foar in tsjoenster troch, mar de dûmny woe dêr wissichheid fan ha. Sy kom noait yn 'e tsjerke. Ha jo ek sin oan pankoeken? frege se de dûmny. Jonge ja, sei er. Doe bigong sy to pankoekbakken. Doe't se trije klear hie, brocht se se him. Mar hy iet se net op. Doe't se wer fuort gong om mear to...
nl.verhalenbank.16893
Ik hie twa bruorren, ien fan tolve jier en ien fan sawn jier. Dy hienen beide setten. Dy setten kommen sa'n fjouwer kear yn 't jier. 't Woarde slimmeroan. Doe wie der ien dy joech de rie, de jonges moesten opdroege podden op 't boarst ha. Wy sochten doe podden en droegen dy op oan 'e gevel bûtendoar. Ik wyt noch wol dat Rinse se op 't boarst hawn hat.
nl.verhalenbank.21144
Ien fan ús famylje wenne op 'e Stûken yn 'e Harkema. As er jouns let fan 'e boer kom, kom er altyd in âld minske foarby, dy't er 'goeijen dag' sei. Dat minske wie o sa skjin, hja fage altyd op it paedtsje en 't hiem om mei de biezem. Op in joun kom hy dêr wer lâns. 't Wie tige let woarn by de boer. 't Ald-minske wie al fjouwer maenden dea. Doe hied er...
nl.verhalenbank.26947
Rin noait midden op 'e wei! (Lykstaesje) Yt neat fan in tsjoenster op, oars kriget men in pod yn 't liif.
nl.verhalenbank.21143
Us mem fortelde, ien fan uzes hie us in apel krigen fan in frommes. Sy wie mei dy apel thúskom. Mar mem hie him har ûntkrigen. De oare deis hie de apel fuort west en der stapte in pod yn 'e hûs om. Doe hat mem dat frommes fuort it hûs forbean.
nl.verhalenbank.22258
In oare omke fan my hie us nei de froulju ta west yn Droegeham. Op 'e weromreis gong er de krúswei del. Dêr op 'e Krúswei siet midden op 't paed in âld wyfke to kofjemeallen. 't Wie yn 'e neinacht. Doe sei omke tsjin 't âld-wyfke: "Hwat sitstû to meallen? Gean dêr wei!" Doe kom 't âld-wyfke oerein. Mar doe wie 't in hiel great frommes. Sy kom op omke ta....
nl.verhalenbank.19556
Us heit wie timmerman. Wy wennen yn Grinzer Pein. Der roannen paedtsjes skean troch de heide hinne. Op in kear wie der in bern stoarn op 'e heide. Heit moest de kiste meitsje. Heit en ik gongen togearre mei de kiste op stap. Heit droech de kiste ûnder 'e earm. Ik wie doe sahwat tsien jier. Wy gongen skean oer de heide. In stikje dêrfan wie oanmakke. Dêr...
nl.verhalenbank.25522
35