Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
10 datasets found
Dutch Keywords: paarden Place of Narration: Harkema
By de Rotten op it Wytfean (de famylje Veenstra) woarden twa hynders forkocht foar f600,- oan in Burgumer. De boer brocht de hynders nei Burgum ta en sette mei it jild werom op hûs ta. Op 'e Sumarre wei tusken Sumar en Eastemar - sjocht er twa man oankommen. Dat liket him net goed ta, dat hy krûpt ûnder in omkearde boat, dy't dêr tsjin in peal oan leit....
nl.verhalenbank.15533
Der wienen ek wol guon, dy kearden nachtmerjes mei krytwyt of moal op 't gesicht. By hynders brûkten se wol kaf. Men mat jouns de klompen oerside sette, út it sté, net foar de drompel.
nl.verhalenbank.15523
Us heit syn heit hat by Bindert Japiks jonges oan 't dongmennen west. 't Wie altyd it gebrûk dat deselde dy't mende, dat dy de wein flak by de skerne brochte. Dat wie heit syn wurk. Hearke laedde. Doe hie de lytsfeint tsjin heit sein: "Dû hoechst dy wein hyltyd net sa ticht by de skerne to lûken. Dat kin Hearke allinne wol dwaen; dy is sterk genôch." Dêr...
nl.verhalenbank.32765
De nachtmerje, dat wie de duvel. Se seinen, as se de nachtmerje hawn hienen: "De duvel siet my op 't boarst. De duvel smoarde my hast." Se ha wol probearre de nachtmerje mei de hannen to pakken, mar sy koenen him noait krije. As se der nei taestten wied er al wer fuort. De nacht-merje kom ek wol yn 'e gedaente fan in frommes. Sy wie sacht oer de hûd en sa...
nl.verhalenbank.19974
In nachtmerje wie in frommeske. Ien fan 'e sawn dochters, as der gjin jonge tusken wie, wie in nachtmerje. Gearte Harmke - in dochter fan Knjillis Hut en Hinke fan der Tuin - wie èk in nachtmerje. Har eigen susters ha 't wol forteld. As men in nachtmerje keare wol, mat men wyt moal foar 't bêd struije. Nachtmerjes flechtsje nachts wol flechtsjes yn 'e...
nl.verhalenbank.24343
Roel Nicolai (Mekke Roel) sei us op in kear: "Nou sil 'k jim hwat fortelle! 'k Ha in fordekte wein sjoen sûnder hynder der foar en dy ried - !" Letter wienen de auto's der.
nl.verhalenbank.22282
Petrus Mulder wie boer op it Wytfean. Hy wie us in kear mei hynders op 't lân oan 't ploeijen. 't Wie op 'e Dunen. Doe wienen der katten oan kom, dy fleagen by de hynders op en sieten har yn 'e moanjes. Dat de hynders hienen net in stap fierder sette kind. Petrus Mulder is werom nei hûs ta gong. Dy katten dat wienen Alle Tet en konsorten.
nl.verhalenbank.22296
Heit hat mei sterke Hearke arbeide op it Bomkleaster. Op in kear doe wienen se oan 't skoftsjen by de boer yn 'e hûs. Dêr krigen se kofje. Doe gong Hearke der stil út. Sy tochten: dy sil to pisjen. Der siet in foer dong op 'e wein, dat hienen se opladen. Dêr hienen se twa hynders foar hawn, mar dy koenen dat foer net út 't skerngat weilûke. Doe't Hearke...
nl.verhalenbank.32636
Us mem wie noch in fanke, doe hie se om boadskippen west en wie op wei nei hûs ta. Doe hat se ûnderweis in lykstaesje sjoen, dêr't se tsjin oproun. Hja is der sa kjel fan woarn, dat sy kom sûnder boadskippen thús. De hynders kommen tsjin har oan. Dat hat foartsjirmerij west.
nl.verhalenbank.20028
Ien fan 'e sawn dochters is in nachtmerje. Nachtmerjes komme troch 't slotsgat yn 'e hûs. Der wenne in boer op Readskuorre, dy hie in pear hynders, dy woarden nacht op nacht troch sa'n nachtmerje biriden. De feint hat der wol ôf west to sjen, sa'n oorverdovend lawaei wie it. Mar hy hat noait hwat sjoen. Op in kear struiden se de hynders kaf op 'e rêch....
nl.verhalenbank.26275
35