Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
13 datasets found
Dutch Keywords: paarden Place of Narration: Drachten
Dy't in nachtmerje keare wol, sizze se, mat moal op it boarst struije. Ik ha ien kear in nachtmerje by my hawn. 'k Wie doe sa'n achtsjin, njoggentsjin jier. Ik lei noch mar krekt op bêd, doe sûze der hwat. It wie it lûd as kom der in pypke jern by de doar del. 't Kom by my op 't fuottenein tolânne, sa hearde it. Dêr ynienen bigjint it by myn fuotten. En...
nl.verhalenbank.24666
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Ymke de Jong wie as jonge by de boer. De boer hie in pear hynders, dy lieten har noait krije. Op in moarn gongen de boer en Imke togearre nei 't lân. Imke sei: "Ik krij se wol." Hy fluite even en dêr kommen de beide hynders oan. De boer wie tige mâl mei him.
nl.verhalenbank.19708
Heit hat mei Ymke de Jong ûnder tsjinst west to Ljouwert. Hy woe net ûnder tsjinst. Hy sette it altyd tsjin 'e oerheit yn 'e kant. "Hier temt men leeuwen en beren, maar mensen niet", sei er, doe't se him opsluten yn 'e sel. Hy wie der samar wer út. Der wie net in doar tsjin him bistand. Dienen se him de boeijens om, hy hie se samar wer ôf. Se koenen him...
nl.verhalenbank.37135
Heit hat altyd koopman west. Tseard Kuorke neamden se him. Hy wie faek op stap mei omke Piter. Sy reizgen dan fan 't iene loazjemint nei 't oare. 't Wienen doe noch jonge bazen. Sa wienen se us yn 't folksloazjemint fan Terwispel. Dêr wie Jan Kluwer ek. Dat wie in hiele greate keardel. Hy hie in skeareslyp/skjirreslyp. Hy roan winters en simmers mei...
nl.verhalenbank.16842
Yn 't Hearrenfean hat in man wenne dy hie altyd nuvere oanslaggen. Hy ried ris mei 't reau - in wein mei twa hynders der foar fan 't Hearrenfean nei Meppel. Doe't er troch Staphorst kaem, gyng de tsjerke dêr krekt út. Doe krige er de hynders by de sturten beet en sa fjouweren se troch it doarp. Hy raesde dêrby krekt sa raer en lûd as er mar koe, dat de...
nl.verhalenbank.36784
As in muoike fan my oer hynders droomde, dan koe men der mar fan op oan dat der mei koartens in deaden yn 'e famylje kaem.
nl.verhalenbank.30889
In nachtmerje is in minske. Ik ha ien kear sa'n nachtmerje by my hawn. Der wenne in boer ûnder Hylaerd, dy syn plaets hiet 'De nachtmerje'. Dêr slepten ik en myn maet op in nacht yn 't hea. Dêr kaem de nachtmerje by my. Hy roan fan 'e fuotten ôf nei boppe ta by my op. It duorre sahwat twintich menuten. Doe koe 'k wer geluten jaen. Men mat de klompen...
nl.verhalenbank.24552
Jan Kluwer wie in skjirreslyp. Hy kom út Grinslân of út Drinte, hy praette krûm. Hy hâldde in protte ta yn it folksloazjemint yn Lippenhuzen, oan 'e Bûtenwei by âlde Janne. (har soan hiet Lútsen, dy wie sa klierich) Jan Kluwer hie in forboun mei de duvel. Dat wisten se allegear wol. Hy hie altyd sinten om hannen en fortsjinje died er net. Hy rôp altyd:...
nl.verhalenbank.19739
Imke en Durk fan Imke Op Eastermarre merke sprong er oer trettjin hynders hinne en yn 'e loft die er in slach oer de kop. Op Sybren Hazenbergs hiem die er dat. Hy smiet in tou yn 'e loft en dêr klom er yn op.
nl.verhalenbank.13017
Hinse Beest Hinse holp de boeren wol ris te feeferweidzjen. Sa wie er ek ris mei Sibe Rypkes, in boer fan it Heechsân, ûnderweis mei hoklingen. Dy moasten se nei de Grinzer Klaai bringe. Se wienen op it Jachtfjild, flak by't Surhústerfean. En Hinse rûn efter dy hoklingen. Dêr kaam in boer oan mei twa hynders foar de tilbry. En dat wie dek-op! Hy soe dwers...
nl.verhalenbank.13003
Klaes Schuurman wie in broer fan master Schuurman en wenne yn Drachtster Kompenije. Op in kear sei er: "Ik ha fannacht in bigraffenis sjoen. Foar de lykwein roannen in skimmel en in swart hynder. Mar fan hwa't de bigraffenis wie, dat wist er net. Ridlik gau dêrnei forstoar Klaes Schuurman. Hy wie noch jong en wie troud mei in dochter fan Willem Weening....
nl.verhalenbank.36904
Us beppe (in Grinslânse) fortelde: Op it Westersân by Oldekerk yn Grinslân wennen trije âldfammen. Dat wienen tsjoensters. Sy woenen alle trije wol graech in man ha, mar sy krigen noait oansyk. Dat kaem omdat se de frije kúnst útoefenen. Der wienen trije gereformearde âlderlingen, dy woenen wolris wite, hoefolle dêr fan oan wie; fan dy duvelskunsten. Dy...
nl.verhalenbank.19700
35