Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
14 datasets found
Dutch Keywords: paard Place of Narration: Kollumerzwaag
Deselde kedde ried in kear mei dong fan 'e skerne. It dongsté wie tige glêd. It dier koe noait de wein mei dong út it skerngat krije. Hy gliid hyltyd út. Dat gebeurde wol fjouwer kear. Doe koe pake it net langer oansjen. Mem seach dat er de kedde foar de wein weihelle en dat er de hannen oan 't tiksel sloech en alhiel allinne de wein út it skerngat luts.
nl.verhalenbank.32216
Yn Aldwâld spûke in fôlle.
nl.verhalenbank.26316
Myn pake, Fokke Veenstra, wie tige sterk. Hy wenne yn 'e Westerein. Op in kear kaem er mei hynder en wein út 'e Sweager Mieden. Doe wienen dêr in stik of 8 man by 't spoar oan 't wurk. Se seagen pake oankommen. Doe seinen se tsjin elkoar: "Soe Fokke werklik sa sterk wêze as se sizze?" Dat woenen se wolris witte. Doe tilden se mei har achten in rail op en...
nl.verhalenbank.32214
Greate Pier wenne to Kimswerd. Der wie in man dy reizge dêrhinne, dy woe nei Greate Pier ta. Greate Pier wie in boer en hy wie krekt oan 't ploegjen doe't dy man der oan kaem. Hy hie twa hynders foar de ploech. Doe frege dy man him: "Kinne jo my fortelle, hwer't greate Pier wennet?" "Jawol", sei Pier. Hy krige de ploege mei ien hân beet en tilde him op....
nl.verhalenbank.38615
Hjir yn Kollumersweach wenne in man, dat wie in sikere Knjillis Veenstra. Dy wie mei de helm geboaren. Hy hat in protte sjoen, dat in oar net seach. Nachts moest hy der faek ôf. Op in kear wied er mei in kammeraet yn 'e ûngetiid achter Ljouwert. Hy moest der wer ôf om hwat to sjen. Doe tocht syn kammeraet: "Ik wol us mei him." Hy folge him, sûnder dat...
nl.verhalenbank.15778
Op in nacht gongen Folkert Pol, Bearn Pol en ik nei Sweachster merke ta om fé to driuwen. Doe't wy op 'e Tille wienen, by in pleats, krekt oer 'e brêge, kom der hwat yn 'e berm lâns, en dat gong it hiem fan 'e pleats op. Ik sei: Hwat rattelt dat allegearre. Ja jong, sei Folkert, dat is in nachtmerje. It wie noait liker as wie 't in âld kleed fan swart...
nl.verhalenbank.16062
Ik ha 't faek sjoen, dat ús hynder de nachtmerje hawn hat. It hynder hie in hynstedek oer, dat wie noch fan ûnder tsjinst wei. 't Wie fêstknope fan alle kanten en 't wie oeral ticht, mei in gat foar de kop, dat dy der troch koe. Ek foar 't boarst wie 't fêst. Dat allinne in minske koe 't los krije. 't Hynder siet ek noch mei in ketting oan 'e balke fêst....
nl.verhalenbank.16063
Sake Hupert hie sels ek in nachtmerje by syn hynder hawn. It swit kom it dier ta de moanjes út. It hynder hie in hynstedek oer hawn foardat de nachtmerje kom. Doe't de nachtmerje fuort wie, hie 't nergens to finen west.
nl.verhalenbank.29508
Myn man syn heit hie in pottekar in froeger jaren. Dan gyng it hynder nachts so gruwelijk tekeer. Nachts kwam de nachtmerje. Dy flocht flechten in de manen. Dat docht se sear, segge se. Minsken hebben ook last van nachtmerjes. Een nachtmerje is een frommeske. Ik hew wel papier in 't sleutelgat doen en de toffels omkeard foar 't bed set. En duveldrek onder...
nl.verhalenbank.25087
In nachtmerje wie in frommeske. Dat ried op 't hynder en makke flechtsjes yn 'e moanjes fan 't hynder. Sy kom ek wol yn 'e hûs. Dan gong se troch 't kaeisgat hinne en knypte de minsken yn 'e hals, dat se oan 't smoaren ta wienen. De minsken makken in krús yn 't sân op it hiem. Dat krús, dêr dienen se sâlt yn, dan koenen de nachtmerjes en tsjoensters har...
nl.verhalenbank.22686
Yn Westergeast wenne in famyljelid fan my, dy seach ek alles fan tofoaren. Hy fortelde altyd hwa't der stjerre soe. Hwant hy seach de hiele lykstaesje. Hy sei dan, sokke hynders komme der foar, en alsa mear. Doe seinen se us op in kear: "Nou sil 't us net sa gebeure as hy it forteld hat. Wy sille der in oar hynder foar spanne." En dat ha se dien. Mar it...
nl.verhalenbank.25837
Faek gong ik bûtendyks to fiskjen. Mar dan moest ik krobben ha. Dat is in hiele toer altyd om krobben to krijen. Ik soe de oare deis fuort en it reinde. Ik kaem yn 't bûthús en krij de klompen en sitte my de beide klompen net fol krobben? Dy krobben moest ik brûke om wytfisken to fangen bûtendyks. En doe fangde ik in fisken! De jouns moest ik nei hûs. Ik...
nl.verhalenbank.37362
De Hege Tsien is in great plak lân. Froeger wie dat perseeltsjelân, dat waerd forhierd oan allerhande minsken. It gebeurde wol gauris, as wy dêr oan 't wurk wienen, dat dêr in keardel op in wyt hynder oer de foarikkers hinne ried. Dat wie op 'e ein fan 't lân. As wy der nei seagen wie er ek samar wer wei. Dat hynder en dy man spokken dêr om. Dêr mat...
nl.verhalenbank.25202
In hynder sûnder sturt mat hjir achter hûs oan 'e Hantsje-loane omrinne, alle nachten. Dat hynder wie sa wyld. De boer hie 't hynder by de sturt beet. 't Hynder naeide út en doe hâldde de boer de sturt yn 'e hân. (Der wurdt ek wol sein dat Geart Sturtsnijer út 'e Westerein it dien hat.) Dat hynder spoeke letter.
nl.verhalenbank.37366
35