Organizations
Keywords
There are no Keywords that match this search
Danish Keywords
There are no Danish Keywords that match this search
Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords
There are no German Keywords that match this search
Place Mentioned
There are no Place Mentioned that match this search
Place of Narration
Narrator Gender
Op in oare kear soe Hantsje fan 'e pleats ride mei hynder en seas troch it lån fan Rein Klazes Hettinga, in âlde boer. Rein Klazes woe hem de reed forbiede. Hy gong op de sletten hikke hingjen. En hy woech der nochal yn! Hantsje stapte út, naem de hikke mei de boer der oan op en sette him oan de kant. Doe wer op seas en fuort.
nl.verhalenbank.50536
Der wie us in koopman, dy woe in hynder keapje fan Sterke Hearke. Doe gong er nei it doarp ta, dêr't Sterke Hearke wenne. Doe stie dêr in boer op 't lân to ploeijen. Hy frege dy boer, hwer't sterke Hearke wenne. Doe spande dy boer it hynder út en krige de ploege by de sturt beet, tilde him op en hy sei: "Dêr wennet er." En hy wiisde mei de ploege nei in...
nl.verhalenbank.17052
Der wenne to Aldegea in man, dy seach dat der ien yn 't koart stjerre soe. Hy seach de lykstaesje fan tofoaren, der roan in swart en in wyt hynder foar de wein.
Syn famylje lake der om. Dat koe net, seinen se, der wie yn Aldegea net iens in wyt en in swart hynder by ien en deselde boer.
Mar de oare wyks stoar der in man. Wylst er dea op ierde stie woarde...
nl.verhalenbank.15723
Doe ik noch in saek hie, hie ik in timmerfeint yn tsjinst út Woarkum, dy Johan Kemker hjitte. Dy Kemker hie in man kend yn Woarkum, dy hjitte sterke Gelf. Woarkum lei oan sé en oan de sédyk wie haeilån. Nou barde it ris, dat twa hynders in weide hea net by de steile oprit fan de dyk op krije koene.
Sterke Gelf sei:“Span de hynders mar út” en luts de wein...
nl.verhalenbank.50541
Myn folk wenne op 'e Eibertsgeasten. Froeger wie der in paed, dat fan 'e Hegewei dêrhinne roan.
Dat paed bochte hiel bot en it gong troch in boskje.
Op in joun kom ien dat paed del. Hy wenne op 'e Eibertsgeasten, dêr't er hinne soe. Midden yn 'e bosk dêr't it paed in hoeke makke, seach er in lykstaesje oankommen. Alle minsken dy't der achteroan roannen...
nl.verhalenbank.12203
Doe't myn suster in great fanke wie, sahwat in twintich jier âld, krigen wy in hynder. Dat hynder wie trije jier. Wy kochten it op in boelguod yn 'e Pein. Doe seach myn suster us op in nacht, wylst dat se op bêd lei, dat it hynder hiel wyld woarde. It sloech en it skopte sa bot, dat it trape de muorre der út. Doe sleepten se it hynder yn 'e skuorre en dêr...
nl.verhalenbank.12204
Nachts rydt der to Eastemar tusken de huzen fan Kees van Dekken en de bruorren Jaarsma in wein mei in wyt hynder der foar mei kûgelsfeart troch de stege. (meidieling fan 'e muoike fan syn wiif, dy 't to Eastemar wenne hat: Tsjitske v/d Meulen)
nl.verhalenbank.12478