Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Show More Place of Narration
Narrator Gender
close
110 datasets found
Dutch Keywords: paard sterk
Heit fortelde, op it Skier yn 'e Westerein, dêr wenne Gerrit Veenstra. Dy syn heit, dat wie Fokke Veenstra. Dy wie fuorman en ôfgryslike sterk. Se wienen ris yn 'e Westerein mei it spoar oan 'e gong. Der waerden nije rails tusken lein. Dat wienen hiele lange einen. De spoarwurkers, dy't dêr mei dwaende wienen, hienen heard dat Fokke tige sterk wie. Se...
nl.verhalenbank.38463
Sterke Fije fan Burgum loek de laden boereweinen krekt sa maklik as in hynder.
nl.verhalenbank.16775
Op in kear hie heit in wein fol stront laden. De wein stie yn 't djip skerngat en it hynder koe de stront der net weikrije. Doe spande heit it hynder út en krige it tiksel beet en luts de wein der sèls út. Hy wie sterker as in hynder. Myn heit hiet Fokke Veenstra.
nl.verhalenbank.19446
Sterke Feije wenne yn Burgum. Hy wie ôfgryslike sterk. Hy en syn hynderke dienen it wurk togearre. As de wein út it skerngat moest en it hynderke koe 't net dwaen, dan gong Feije der foar stean. Sa dienen se 't wurk beurt om beurt of togearre.
nl.verhalenbank.27812
Dedde kom op in joun thús, doe hied er in weinfol tsiis ophelle. 't Wienen allegear dikke fjirtich-pouners. Mar doe rekke de wein yn 't sân en kom tsjin in dampeal oan. Dedde fan 'e wein ôf. 't Hynderke koe neat mear dwaen. Dedde set de wein samar even oan kant troch der achter tsjin oan to stean, mei de rêch en de beide hannen der ûnder. Sa fortilde hy...
nl.verhalenbank.27386
Hy hat arbeider west by in boer. Der mat it alris gebeurd wêze dat twa sterke hynders in foer dong dat op 'e wein laden wie, net út it skerngat wei krije koenen. Doe hat Hearke de wein der pûr-allinne útlutsen mei dong en al.
nl.verhalenbank.34489
Ek in kear doe wie de wein fol dong en dy stie yn 't skerngat. De beide hynders koenen de wein der net wei krije. Doe smiet Hearke de silen los, hy krige sels it tiksel yn 'e hân en luts it der sels út. Rienk van der Meer fortelde 't my, dy arbeide mei him. Se neamden Hearke altyd 'pake'.
nl.verhalenbank.27634
Alde Broersma fan de Wâl wie o sa sterk. Hy hie lân yn 't Bûtenfjild lizzen. Hy hie twa hynders foar in foer hea. Doe't dy net by de hichte op komme koenen mei de wein, sette hy de rêch ûnder 'e wein en krige it gedaen.
nl.verhalenbank.16774
Jan Jagersma to Drachten wie tige sterk. Ik wie by in baes yn Drachten yn 't wurk. Dat wie in sekere Beek, dy die yn bakkerswaren. Hy forkocht fetten huning en fetten krinten ensa. Dêr moesten altyd fjouwer man oer gear om sa'n fol fet ergens del to setten. Mar Jan Jagersma tilde sa'n fet fan 100 kilo allinnich op en sette 't samar boppe op it peard fan...
nl.verhalenbank.37021
Sterke Hearke hat ris pûr allinne in weinfol dong út it skerngat lutsen. It hynder koe 't net lûke. Mar hij wol.
nl.verhalenbank.36840
Sterke Hearke wie oan 't ploegjen. Doe kom der ien dy frege him, hwer't Sterke Hearke wenne. Hearke sloech it hynder foar de ploech wei en doe tilde er de ploech op mei beide hannen en hy wiisde mei de ploech en sei: "Dêr wennet er en hjir stiet er."
nl.verhalenbank.23493
Hearke wie in kear oan 't dongladen. It hynder foar de wein wie net sa sterk en koe it weinfol stront net út it skerngat krije. Hearke spande it hynder út en luts doe mei ien hân de folle wein út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36511
Yn Surhústerfean ha ek in pear ûnbidich-sterke mannen wenne. 't Wienen bruorren: Jan en Hindrik van der Meer. In fjirdel hûndert poun tilden se samar op. De iene sloech út gekheit my wolris mei twa fingers op 'e rêch. Dat kom slimmer oan as de traep fan in hynder.
nl.verhalenbank.26111
Fan dyselde Popke Kaert wurdt it folgjende forteld. Hy kom in reed lâns. Doe siet der in hynder yn 'e sleat. Hy warskôge de boer. Dy kom der by. "Hoe mat wy hjir mei oan?" sei de boer. "Mei touwen", sei de tsiiskoopman. "Wienen jo mar sa sterk as ik", sei de boer. "Ik kin in heal hynder tille. Dan koenen wy it der togearre úthelje." De tsiiskoopman sei:...
nl.verhalenbank.17486
Ek in kear, doe wie Hearke oan 't dongmennen. Doe hied er in wein fol dong laden, mar doe koe it hynder de wein net ta 't skerngat út krije. Doe spande Hearke it hynder út en gong sels oan 't tiksel stean. En hy luts de wein pûr allinne ta 't skerngat út.
nl.verhalenbank.29965
Sterke Hearke wie arbeider by in boer op it Bomkleaster. Rienk van der Meer wie dêr ek. Dy fortelde, sy hienen ris in kear sân helle fan Droegeham. It sân moest tusken de plaets en 't hok yn. Dêr koenen de hynders net tusken. It sân moest dêr lege wurde, dat de wein moest dêr hinne. Hearke gong oan 't tiksel stean en luts it weinfol sân yn 'e gloppe. De...
nl.verhalenbank.27633
Sterke Hearke wenne yn 'e buert fan 'e Hamsterheide. Op in kear wied er oan 't dongladen. Doe moest der in foer dong út it skerngat lutsen wurde, mar it hynder koe gjin skrep krije. Doe spande Hearke it hynder út en gong sels by 't tiksel stean. Hy luts de wein samar út it skerngat wei.
nl.verhalenbank.36702
Deselde kedde ried in kear mei dong fan 'e skerne. It dongsté wie tige glêd. It dier koe noait de wein mei dong út it skerngat krije. Hy gliid hyltyd út. Dat gebeurde wol fjouwer kear. Doe koe pake it net langer oansjen. Mem seach dat er de kedde foar de wein weihelle en dat er de hannen oan 't tiksel sloech en alhiel allinne de wein út it skerngat luts.
nl.verhalenbank.32216
Hearke wie sà sterk, as it hynder it net dwaen koe, luts hy allinne de dongwein út it skerngat.
nl.verhalenbank.33444
Halbe Scheper, sa fortelde mem, hat ris in kear in foer dong út it skerngat lutsen. Twa arbeiders wienen oan 't laden. De twa hynders hienen de stront der net útlûke wold. Doe hie Halbe de hynders der foar weispand en hie de wein by 't tiksel beet krige en him sa der út lutsen. Wylst hongen de beide arbeiders ek noch yn 'e tsjillen om him tsjin to...
nl.verhalenbank.27357
35