Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
7 datasets found
Dutch Keywords: paard nacht Place of Narration: Drachten
Ergens yn 'e Wâlden wenne in âld-feint. Dy wie arbeider by de boer. Hy wie mei de helm geboaren en moest alles sjen. De boer dêr't er by wenne, hie twa soannen. Ien dêrfan woardde great mei de faem. Dy faem moest fan him bifalle. Sy mienden 't elkoar wol, mar de boer woe syn tastimming net jaen. Doe gong de soan mei syn faem nei dy arbeider ta. Dy wenne...
nl.verhalenbank.19696
Ik wie boerefaem. Op in kear lei 'k yn 'e nacht op bêd. Doe hearde ik dat der in hynder oansetten kaem. It kom al tichter by myn bêd. Doe klaude 't my mei de poat. Dat die hiel sear. Dat hat in nachtmerje west. Hja seinen wol, fan 'e sawn famkes fan ien húshâlding wie ien in nachtmerje. Fan 'e sawn jonges fan ien húshâlding wie ien in wjerwolf. Die men de...
nl.verhalenbank.36926
Ik en myn wiif wienen us to jounpraten by in boer yn Haulerwyk. Doe fortelde dy boer ús, der wennen by in boer in greatfeint en in lytsfeint. Dy greatfeint en dy lytsfeint sliepten by elkoar yn 't selde bêdsté. Mar dy greatfeint hie in swier lot. Alle nachten om tolve ûre moest hy der ôf. Dan woarde er kloppe. Dan stie 't wite hynder foar 't bêdsdoarke en...
nl.verhalenbank.32685
Jan Kluwer wie in skjirreslyp. Hy kom út Grinslân of út Drinte, hy praette krûm. Hy hâldde in protte ta yn it folksloazjemint yn Lippenhuzen, oan 'e Bûtenwei by âlde Janne. (har soan hiet Lútsen, dy wie sa klierich) Jan Kluwer hie in forboun mei de duvel. Dat wisten se allegear wol. Hy hie altyd sinten om hannen en fortsjinje died er net. Hy rôp altyd:...
nl.verhalenbank.19739
Der wenne in boer yn Surhústerfean, as dy moarns by 't hynder kom yn 'e stâl. dan wie 't beest kletstrochwiet fan 't swit. Alle nachten siet der in nachtmerje op 'e rêch fan 't beest en dy ried dan op him om.
nl.verhalenbank.26044
Klaes Schuurman wie in broer fan master Schuurman en wenne yn Drachtster Kompenije. Op in kear sei er: "Ik ha fannacht in bigraffenis sjoen. Foar de lykwein roannen in skimmel en in swart hynder. Mar fan hwa't de bigraffenis wie, dat wist er net. Ridlik gau dêrnei forstoar Klaes Schuurman. Hy wie noch jong en wie troud mei in dochter fan Willem Weening....
nl.verhalenbank.36904
Yn 't Barrahûs gebeurde it faek, dat minsken dêr ûnderdak krigen foar de nacht. Op in joun kom dêr ek in frommes yn. It wie in fremd frommes, dat se net koenen. Ien fan 'e mannen, dy't dêr ek sieten, wie in soldaet. Dy soe dêr dy nachts ek sliepe. Doe't er in pear kear nei dat frommes sjoen hie, tocht er by himsels: bistû eins wol in frommes? Hy gong...
nl.verhalenbank.37818
35