Organizations
Keywords

There are no Keywords that match this search

Danish Keywords

There are no Danish Keywords that match this search

Dutch Keywords
Show More Dutch Keywords
German Keywords

There are no German Keywords that match this search

Place Mentioned

There are no Place Mentioned that match this search

Place of Narration
Narrator Gender
close
8 datasets found
Dutch Keywords: overlijden voorloop Place of Narration: Opende
By in sikere Sjirk yn 'e Pein kaem op in moarn in ekster op it hiem stappen. Sjirk sei tsjin syn frou: Nou is der ien yn 'e famylje stoarn. Ja, sei syn frou, ik soe fan 'e moarn de geit melke; 't beest wie pûr. Dyselde moarns krigen se in roubrief oer de post. Der wie ien út 'e famylje stoarn.
nl.verhalenbank.31916
Bleeker fan Surhústerfean hie in âld houn. Dy spûkgûlde altyd as der in minske stjerre soe. Nachts seach dat beest it blykber.
nl.verhalenbank.31915
Antsje Grupstra seach alle dingen foarút. Hja seach in skip op it lân, dêr soe letter in feart komme. Hja stjûrde skoppenboer nei de kroech ta, dan kaem der in flesse mei drank werom. Dy flesse sweefde. De doar gong fansels iepen, en de flesse kaem der al draeijende yn. As dat gebeurd wie, dan wie se alhiel fan 'e kaert. Hja wie mei de helm geboaren. hja...
nl.verhalenbank.32014
Wy mochten froeger as bern net by de Poel komme. Dat wie de Kaatspoel yn Grinzer Pein. Hwant dêr soe altyd nochris ien yn forsûpe, wie de hiting. Guon hienen dat fan tofoaren sjoen. Oant nou ta is dêr noait ien yn fordronken.
nl.verhalenbank.32017
As de houn spûkgûlt dan leit der ien op stjerren. Wy ha 't hjir hawn dat hjir njonken de dochter forkearing hie mei in feint. Mar doe rekke dy forkearing yn 'e hobbel. De feint wie fan plan har dea to sjitten. Hy rekke har, de kûgel gong troch de hals hinne, mar sy wie net dea. Fuort dêrnei skeat er himsels dea. It fanke is wer better woarn. De jouns fan...
nl.verhalenbank.32299
Myn broer lei op bêd. 't Wie yn 'e nacht. Doe hearde er hwat by de doarren. Doe seach er dragers en in kiste, dy't se yndroegen. Der woarde tsjin him sein syn soan wie dea. Op dat momint lei syn soan op bêd to sliepen. Letter is er stoarn en gebeurden deselde dingen dy't myn broer doe sjoen hat.
nl.verhalenbank.27167
Froeger, as der ien overleed, dan waren er 's avonds voortijds wel een 20 à 25 honden, die kwamen bij 't huus en die goelden. Ze blaften niet. Dan was dieselver nog niet dood. Dat gebeurde een paar doagen loater.
nl.verhalenbank.37987
Yn de Pein ha wol guon west, dy wienen mei de helm geboaren. Dy seagen fan tofoaren lykstaesjes, mar ik wit der gjin foarbylden fan to neamen.
nl.verhalenbank.31918
35